Dyn bydrage docht der ta!

De FNP is wiis mei jo stim, tiid en tinkkrêft. Graach sjogge wy dat jo jo oanmelde as FNP-lid (klik hjir foar mear ynformaasje). Dêrnjonken is it ek mooglik om ús finansjeel te stypjen. Dat jildt sawol foar leden dy’t in ekstra bydrage jaan wolle as foar elk dy’t Fryslân en de FNP in waarm hert tadrage. In bydrage kin streekrjocht stoart wurde op bankrekken NL21 RABO 0305 0145 28 op namme fan de FNP yn Ljouwert.

Eltse bydrage fan € 10,- ôf is tige wolkom. De FNP is in ANBI ( Algemien Nut Beëagjende Ynstelling ) Foar mear ynformaasje sjoch hjirre.

Jo bydrage kin as jefte opfierd wurde yn de belestingoanjefte.

Jeften boppe de € 4.500,- wurde op basis fan de rjochtlinen fan it Ministearje fan Ynlânske Saken yn ús jierrekken iepenbier makke. Oan jo donaasje kinne gjin rjochten ûntliend wurde.

De FNP is ANBI sertifisearre

Oer jo donaasje oan de FNP

It is foar de belestingbeteller, leden en stipers dat we ynsjoch jouwe yn it funksjonearjen fan ús ANBI.

It giet hjir om ynformaasje dat fan belang achte wurdt foar transparânsje en ferantwurding fan saken dy’t mei finânsjes te krijen ha.

Under dossiernûmer 16180 stiet de FNP by de belestingtsjinst fan 1-1-2008 ôf ynskreaun as in Algemien Nut Beëagjende Ynstelling.

Oft jo op www.belastingdienst.nl op harren ANBI-side “feriening Fryske Nasjonale Partij” fêstige yn “Leeuwarden” yntikke, wurdt dit befêstige.


Downloads:

Algemiene ynformaasje.pdf
Jeftereglemint.pdf