FNP Fryslân is in politike partij yn Fryslân sûnt 1962.

De FNP giet út fan de krêft fan mienskippen; at dy romte en (eigen) foech krije dan fersterket dat de eigen taal, kultuer en identiteit en dêrmei it wolwêzen. De FNP fielt him thús yn in solidêr Europa en stribbet nei in op alle mêden duorsum Fryslân, lykas ûndernimmende mienskippen, enerzjy, mear bioferskaat en noch mear!

FNP provinsjaal en gemeentlik

De FNP, oprjochte yn 1962, hat likernôch 1300 leden. De basis fan de organisaasje leit yn de ôfdielings, dy’t neffens de gemeentlike yndieling organisearre binne. Yn hast alle gemeenten yn Fryslân hat de FNP in ôfdieling mei leden, in bestjoer en in fraksje.

Kommisjes en Steatefraksje

Op provinsjaal nivo hat de partij in haadbestjoer mei in tal kommisjes . It haadbestjoer soarget dat de partij-organisaasje provinsjaal stâl krijt en jout stipe oan de ôfdielings. De leden fan de Steatefraksje ferwurdzje de politike FNP-stânpunten yn de Steaten fan Fryslân. De leden fan de fraksje ha ek sitten yn de ferskate Steatekommisjes. De fraksje wurdt bystien troch twa fraksjemeiwurkers.

FNP yn de Earste Keamer

Sûnt 1999 hat de FNP in fertsjintwurdiging yn de Earste Keamer fia de OPNL (foarhinne OSF). Dit is in gearwurkingsferbân fan regionale partijen yn de ferskate provinsjes yn de Senaat. Fan 2007 ôf leveret de FNP as grutste regionale partij ek de foarsitter fan de OSF.

FNP yn Europa

De FNP wurket yn de Europeeske politike partij Europeeske Frije Allinânsje (EFA) gear mei oare regionale politike partijen yn Europa lykas de Skotten, de Welshmen en de Katalanen. Under de likernôch 40 Europeeske partners binne ek de Fryske politike partijen yn Dútslân. De FNP hat as mei-oprjochter in streekrjochte sit yn it bestjoer fan de EFA.

Mear witte oer de Skiednis fan de FNP?

Yn 2003 is de folgjende titel útkaam, te lien by de bibleteek of te keap by it Partijhûs: 

Huisman, Kerst – Tusken Fryske dream en Nederlânske macht – fjirtich jier Fryske Nasjonale Partij – Ljouwert 2003.  390 siden