Auke van der Goot

Auke van der Goot (FNP) is sûnt de de Senaatsferkiezingen yn maaie 2023 senator fan de FNP foar OPNL. Auke is berne en opgroeid yn Ljouwert-Huzum, studearre skiednis yn Grins en wurke dêrnei foar de provinsje Fryslân, it Europeesk Buro foar Lytse Talen (yn Brussel) en Mercator-Education (Fryske Akademy). Fan 1999-2022 wie er beliedsadviseur by it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK), yn De Haach en ek yn Brussel.

By BZK wurke er ûnder oaren oan de rol fan gemeenten, provinsjes en wetterskippen yn Europa, oan de posysje fan grinsregio’s en oan gearwurking fan dy regio’s mei Dútslân en België (benammen ek mei Flaanderen). Ek hat er in bydrage levere oan de Wet gebrûk Fryske taal (2013).

Dingen klear krije foar Fryslân en foar de oare regio’s, yn De Haach en Europa is foar Auke van der Goot in reade tried yn syn libben. Ek as kandidaat-senator foar de OPNL wol hy him dêr sterk foar meitsje. Want mei-inoar steane regio’s en har ynwenners sterker yn de Earste Keamer.

Gerben Gerbrandy

Gerben Gerbrandy (FNP) wie fan juny 2019 oan jannewaris 2021 lid fan de Earste Keamer foar de OSF.

Gerbrandy wie yn de Earste Keamer de earste dy’t oandacht hie foar de ferhierdersheffing. Der kaam in ûndersyk wêrút bliken die dat de wenningkorporaasjes de kommende fyftjin jier 30 miljard euro tekoart komme om de kearntaak út te fieren, krekt de 2 miljard euro per jier dy’t se no fia de ferhierdersheffing nei de steatskas oermeitsje moatte. Yntusken wolle in soad oare partijen de heffing ôfskaffe. Fierder wie hy de earste dy’t by de Algemiene Finansjele Skôgings yn 2019 oer it basisynkommen begûn. Dêrby hat hy de Minister fan Finânsjes in boek dêroer oanbean, op foarwearde dat dy dat ek lêze soe.

Gerbrandy hat besletten begjin 2021 nei sa’n twa jier op te hâlden mei syn wurk as senator, omdat it wurk as ienmansfraksje foar him net langer fol te hâlden wie. 

Hindrik ten Hoeve

Hindrik ten Hoeve (FNP) hat mei-inoar 12 jier senator west foar de OSF. Hy hie grut oansjen en hat beskiedend west yn tal fan saken, lykas it opkearen fan besunigingen op kultuer, it feilichstellen fan Frysktalige berne-opfang en it feilichstellen fan de ûnôfhinklikens fan Omrop Fryslân. 

Ten Hoeve hat ek mei sukses de profesjonele status foar monuminte-organisaasjes (POM-status) bepleite. Dêrtroch hat bygelyks de Stifting Alde Fryske Tsjerken minder burokratyske ferplichtings by it ûnderhâld fan harren monuminten.