As FNP-lid kinne jo jo persoanlike miening oer politike fraachstikken nei foaren bringe op FNP-ledegearkomsten (provinsjaal en gemeentlik).
De ledegearkomsten binne it heechste beslútfoarmjende orgaan yn de FNP.
Yn dy ledegearkomsten wurdt ûnder oaren it FNP-program fêststeld. Yn dat program wurde de politike útgongspunten en doelen fan de FNP fêstlein.
Troch jo stim op ledegearkomsten hearre te litten hawwe jo dus streekrjocht ynfloed op it belied fan de FNP! Yn de provinsjale ledegearkomsten
wurde de leden fan it haadbestjoer keazen. Dêr wurde ek de kandidaat-steateleden oanwiisd.
3 kear jiers krije jo it partijblêd ‘De Frijbûtser’, it ledenblêd fan de FNP.
De minimum kontribúsje is € 32,50 yn ‘t jier. Foar húsgenoaten (it 2e lid yn ien gesin) en leden jonger as 27 jier jildt in minimumbydrage fan € 21,00 yn ‘t jier. Foar jongerein oant 22 jier is it lidmaatskip fergees.
Minsken dy’t dy bydrage net misse kinne, kinne fan de ponghâlder tastimming krije om minder te beteljen.
De gemeentlike FNP-ôfdielings krije 20% fan jo bydrage.
Mei ferkiezings krije jo ornaris nochris in fersyk om in frijwillige bydrage foar it ferkiezingsfûns.
Kontribúsje en oare jeften oan de FNP, kinne jo ôflûke fan jo belêstbere ynkommen.
De FNP is in ANBI: Algemeen Nut Beogende Instelling
De FNP giet hoeden om mei jo persoansgegevens en jout se net troch oan tredden.
De FNP organisearret elk jier foar syn leden in AFUK-staveringskursus. As jo lid wurde, krije jo ek fergees de kursus oanbean!
Op it oanmeldformulier kinne jo by it tekstfjild ‘Reaksje’ oanjaan oft jo dêr wol of net gebrûk fan meitsje wolle.