Sijbe Knol

Sijbe Knol is op 19 july 2023 yn de Fryske Steateseal beëdige as FNP-deputearre.

Sijbe Knol is polityk ferantwurdlik foar de ûnderwerpen romte, wenjen, enerzjy, leefberens en kultuer. Dat binne portefúljes dy’t goed by de FNP passe. Sijbe Knol is dejinge dy’t der foar soargje mei dat ús romte en ús lânskip ek ús goud bliuwe. Yn gearwurking mei de gemeenten wurket hy deroan dat yn alle kearnen nei aard, skaal en karakter foar ús ynwenners boud wurde kin. ‘Wenje wêr’t wy wenje wolle.’ Dêrneist is it syn opjefte om yn oparbeidzjen mei de mienskip en de kulturele sektor de leefberens oerein te hâlden en te ferbetterjen.