OPNL: platfoarm fan ûnôfhinklik politike partijen

De FNP hat yn 1995 oan de widze stien fan de OPNL (foarhinne OSF). Yn dit platfoarm hawwe fjirtjin ûnôfhinklike regionale partijen út hiel Nederlân har feriene. It doel is om mienskiplik  inoar te fersterkjen troch mei-inoar op te arbeidzjen, kennis ut te wikseljen en it yn it wetjouwings proses mei te dwaan.

Op dit stuit hat  de OPNL ien sit yn de Earste Keamer dy’t ynnommen wurd troch in FNP’er, Auke van der Goot. De foarsitter is ek in FNP’er, Sybren Singelsma

OPNL is erkend as in nasjonale politike partij en fersoarget as sadanich ek finansjele stipe oan de oansletten partijen. Op it stuit is OPNL meinammen aktyf nei de Earste Keamer ta. Der wurdt neitocht oer de stap nei de Twadde keamer.

Alle oansletten partijen hawwe har eigen ideeën en identiteit. Sy binne lykweardich, mei trije kearnwearden:

  1. Altyd op syk nei lytsskaligens en minslike mjitte
  2. Mei-inoar gearwurkje, sûnder oantaasting fan eigen identiteit
  3. Oplûke as ien partij; ienheid yn ferskaat

Kontakt mei de OPNL

Webside:
https://www.opnl.nl/

E-mail:
info@opnl.nl

Provinsjale Steaten stimme

Net de boargers, mar de leden fan Provinsjale Steaten stimme foar de Earste Keamer. Dit binne dus yndirekte ferkiezings. Regionale en lokale partijen drage per provinsje in kandidaat foar.

Hindrik ten Hoeve (FNP) hat mei-inoar 12 jier senator west foar de OSF. Hy hie grut oansjen en hat beskiedend west yn tal fan saken, lykas it opkearen fan besunigingen op kultuer, it feilichstellen fan Frysktalige berne-opfang en it feilichstellen fan de ûnôfhinklikens fan Omrop Fryslân.


Senator Earste Keamer

Auke van der Goot is sûnt juny 2023 de senator fan de OPNL.

Auke is berne en opgroeid yn Ljouwert-Huzum, studearre skiednis yn Grins en wurke dêrnei foar de provinsje Fryslân, it Europeesk Buro foar Lytse Talen (yn Brussel) en Mercator-Education (Fryske Akademy). Fan 1999-2022 wie er beliedsadviseur by it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK), yn De Haach en ek yn Brussel.

Dingen klear krije foar Fryslân en foar de oare regio’s, yn De Haach en Europa is foar Auke van der Goot in reade tried yn syn libben. As senator foar de OPNL wol hy him dêr sterk foar meitsje. Want mei-inoar steane regio’s en har ynwenners sterker yn de Earste Keamer.


FNP’ers binnen de OPNL 

Annigje Toeringlederiedannigje.toering@fnp.frl
Dinie VisserStipefraksjedvisser@fryslan.frl
Tjitte HemstraStipefraksjet.hemstra@fryslan.frl