De FNP hat yn 1995 oan de widze stien fan de OPNL (foarhinne OSF). Yn dit platfoarm hawwe fjirtjin ûnôfhinklike regionale partijen út hiel Nederlân har feriene.
Op dit stuit hat de FNP fia de OPNL ien sit yn de Earste Keamer.
Net de boargers, mar de leden fan Provinsjale Steaten stimme foar de Earste Keamer. Dit binne dus yndirekte ferkiezings. Regionale en lokale partijen drage per provinsje in kandidaat foar.
Hindrik ten Hoeve (FNP) hat mei-inoar 12 jier senator west foar de OSF. Hy hie grut oansjen en hat beskiedend west yn tal fan saken, lykas it opkearen fan besunigingen op kultuer, it feilichstellen fan Frysktalige berne-opfang en it feilichstellen fan de ûnôfhinklikens fan Omrop Fryslân.
Auke van der Goot is sûnt juny 2023 de senator fan de OPNL.
Auke is berne en opgroeid yn Ljouwert-Huzum, studearre skiednis yn Grins en wurke dêrnei foar de provinsje Fryslân, it Europeesk Buro foar Lytse Talen (yn Brussel) en Mercator-Education (Fryske Akademy). Fan 1999-2022 wie er beliedsadviseur by it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK), yn De Haach en ek yn Brussel.
Dingen klear krije foar Fryslân en foar de oare regio’s, yn De Haach en Europa is foar Auke van der Goot in reade tried yn syn libben. As senator foar de OPNL wol hy him dêr sterk foar meitsje. Want mei-inoar steane regio’s en har ynwenners sterker yn de Earste Keamer.
Annigje Toering | lederied | annigje.toering@fnp.frl |
Wopke Veenstra | Stipefraksje | w.veenstra@fryslan.frl |
Sijbe Knol | Stipefraksje | s.knol@fryslan.frl |