European Free Alliance

De European Free Alliance  (EFA, Europeeske Frije Alliânsje) is in Europeeske partij dy’t goed 40 partijen oer hiel Europa ferienet, partijen dy’t sels mear te sizzen hawwe wolle oer wat der bart yn de eigen regio en mei de eigen ynwenners. Guon partijen stribje dêrby nei ûnôfhinklikens, oare partijen wolle mear romte om sels de takomst te bepalen fan har regio of fan har (taal-)minderheid.

De European Free Alliance is in pro-Europeeske partij dy’t stiet foar de wearden fan de Europeeske Uny: de prinsipes fan frijheid, demokrasy, respekt foar minskerjochten en de rjochtssteat. Mei-inoar wurket de EFA oan selsbeskikking, foar in Europa fan de minsken, foar frede, foar in duorsume planeet, foar sosjale rjochtfeardigens, foar in meartalich Europa dat ek each hat foar lytsere talen. De EFA docht dat yn solidariteit mei alle minsken en mei har rjocht om sels te kiezen, en dat omfettet ek de jongere generaasjes.

De EFA bestiet al sûnt 1981 en wurdt sûnt 2004 erkend as in Europeeske politike partij troch it Europeesk Parlemint. Dêrom kriget de partij finansiering fan it European Parlemint en dêrnjonken fan de leden. De EFA is ynskreaun as in feriening (asbl/vzw) yn België.

It manifest foar de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint fan 2019 kin hjir download wurde . 


EFA-fraksje yn it Europeesk Parlemint

De EFA fraksje yn it Europeeske Parlemint  bestiet út ferskillende leden dy’t opkomme foar demokrasy en selsbeskikking foar regio’s en (taal-)minderheden yn Europa en wurkje oan de doelen fan de EFA-partij. De EFA foarmet tegearre mei de Grienen al sûnt 1999 ien fraksje yn it Europeeske Parlemint (Greens/European Free Alliance Group).

Fanwege binnenlânske gefoelichheden hawwe Europarlemintariërs fan inkelde EFA-partijen har by oare fraksjes oansletten. Sa binne bygelyks de leden fan de Flaamske N-VA gjin lid fan de Griene/EFA-fraksje. 


EA-fraksje yn it Komitee fan de Regio’s

It Komitee fan de Regio’s  is de EU ynstelling wêryn’t de provinsjes en gemeenten meiprate oer it belied fan de Europeeske Uny. It fertsjintwurdiget de lokale en regionale oerheden en jout advys oer nije EU-wetjouwing dy’t ynfloed hat op regio’s en gemeenten. It Komitee fan de Regio’s is in polityk orgaan dat bestiet út 329 leden út alle lannen fan de EU. Dat binne keazen politisy en bestjoerders op lokaal of regionaal nivo. De leden komme seis kear yn it jier yn Brussel byinoar om wetjouwing te besprekken of om resolúsjes oan te nimmen oer ferskate ûnderwerpen. De eardere FNP-deputearre Klaas Fokkinga wie oant 2023 ien fan de leden fan de Nederlânske delegaasje by it Komitee fan de Regio’s. Hy hie him oansletten by de politike fraksje fan European Alliance (EA), dy’t liearre is oan de EFA. Op dit stuit hat de FNP sels gjin fertsjintwurdiger mear.


EFA-bestjoerslid Frank de Boer

Frank de Boer waard berne yn Oerterp, en studearre yngenieursgeology en rjochten. Frank hat in oantal jier wurke as geotechnysk yngenieur foardat hy begûn te wurkjen foar de Europeeske minderhedenorganisaasjes YEN en FUEN. Dêrtroch is hy goed op de hichte mei de situaasje fan in soad (taal-)minderheden yn hiel Europa, en ek mei de EU ynstellingen en oare relevante ynternasjonale organisaasjes lykas de Ried fan Europa, OVSE en de Feriene Naasjes. As de skriuwer fan de tekst en as juridysk koördinator wie Frank ien fan de arsjitekten fan it Minority SafePack Initiative, it Europeeske boargerinisjatyf foar minderheidsrjochten en taalkundich ferskaat yn Europa.

Neidat hy yn 2017 werom nei Fryslân ferhuze, rekke Frank sterker belutsen by de Fryske Nasjonale Partij en op it stuit is hy beliedsmeiwurker by de FNP Steatefraksje. Sûnt 2022 is hy lid fan it EFA bestjoer (Bureau).