Wetter is foar alle ynwenners fan Fryslân fan grut belang. Ommers, sûnder wetter gjin libben. Sûnt 2004 ha wy ien grut wetterskip: it Wetterskip Fryslân. It takepakket fan it Wetterskip is grut en breed. Fryslân is in provinsje mei in protte wetter: marren, kanalen en ûntelbere fearten. Wy hawwe hege gebieten (it sân en de klaai) en folle legere gebieten (it fean).

It Wetterskip Fryslân hat in Algemien Bestjoer (AB) en in Deistich bestjoer (DB). It Algemien Bestjoer is it heechste bestjoersorgaan en bestiet út 25 leden. Dy wurde eltse 4 jier keazen troch de ynwenners fan Fryslân. Politike partijen en belangengroepen lykas de natuerorganisaasjes meie troch de wetterskipsferkiezings in tal sitten ferdiele. De tradisjonele belangen lykas de boeren en de ûndernimmers hawwe ek noch in oantal fêste sitten yn it AB.

Lânbou en natuer

It Wetterskip moat de belangen fan agraryske grûn en natuergebieten op in goede manier behertigje. Yn wiete perioaden soarget it foar de ôffier fan it tefolle oan wetter, sadat wy drûge fuotten hâlde. Grutte gemalen wurde dan oanset om it wetter op de Waadsee, de Iselmar en de Lauwersmar te spuien.

Yn drûge perioaden wurdt der wetter út de Iselmar ynlitten om de Fryske wetters op peil te hâlden. Boeren kinne dan harren lân bereinen bliuwe.


Sterke diken

It Wetterskip is ek ferantwurdlik foar ús feiligens. It hat dêrom ek it behear oer de see- en polderdiken. Dy moatte op sterkte en hichte hichte bliuwe, ek mei it each op de klimaatferoaring en de stiging fan de seespegel.


Skjin wetter

Mei de suveringsynstallaasjes soarget Wetterskip Fryslân der foar dat ús smoarge rioelwetter skjin wurdt. Hieltyd better kinne stoffen út it smoarge wetter op’e nij brûkt wurde. Sa krijt de sirkulêre ekonomy ek by it Wetterskip foarm.

Yn it ferkiezingsprogram Skjin wetter, sûne loft en sûn lân achter feilige diken kinne jo lêze hoe’t de FNP oer al dizze saken tinkt en op dit mêd foar Fryslân berikke wol.

Foto: haadkantoar Wetterskip Fryslân (ôfbylding komt fan wetterskipfryslan.nl)