7 Kearnwearden fan de FNP

  1. Demokrasy:
    De FNP fynt dat de macht oer de oerheid fan it folk is. Minsken moatte safolle mooglik behelle wurde by it iepenbier bestjoer.
  2. Federalisme:
    De FNP stiet in steatsynrjochting foar dy’t minsken en lokale mienskippen it foech en de middels jout om de eigen libbensromte safolle mooglik sels stal te jaan. De FNP wol mear foech nei de provinsje, in sterker provinsjaal bestjoer en dêrtroch in sterker Fryslân.
  3. Ynternasjonalisme:
    De FNP siket nei wat minsken bynt en sjocht de wrâld as in federaasje fan mienskippen. Minskerjochten en respekt foar oare kultueren en libbensoertsjûgingen steane dêrby sintraal.
  4. Taal en kultuer:
    Taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken. De FNP wol de Fryske identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en kultuer. De FNP makket him sterk foar in Fryslân, dêr’t ek oare talen en kultueren respektearre, praktisearre en wurdearre wurde, lykas it Bildts en it Stellingwarfs.
  5. Undernimmerssin:
    De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmersskip de romte jaan, dat minsken en mienskippen by steat binne har optimaal te ûntwikkeljen.
  6. Solidariteit:
    De FNP is in mienskipspartij. Foar it behâld fan de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, dat nimmen oan de kant komt te stean.
  7. Duorsumens:
    De FNP wol in duorsume wrâld neilitte oan de kommende generaasjes. Yn stee fan potfertarre siket de FNP nei ekonomyske besteansfoarmen dy’t in better lykwicht garandearje tusken konsumearjen en konservearjen.

Lês hjirûnder mear oer de stânpunten fan de FNP per ûnderwerp.

Wenjen

“Wenje wêr’t wy wenje wolle” 

Wenjen is in basisrjocht

De kommende jierren binne der yn Fryslân noch sa’n 15.000 wenningen nedich foar de saneamde autonome groei, de groei fan de besteande befolking. Wy sjogge dat de befolking fan Fryslân oer it generaal hieltyd âlder wurdt. Mar wy sjogge ek dat benammen ús jongerein de lêste jierren mar dreech in plakje fine koe. Oprinnende prizen, grutte druk op de wenningmerk en in fiskaal systeem dat ek in bydrage levere oan de krapte. Yn 2021 lansearre de FNP dêrom har Oanfalsplan Wenjen. Dêryn jouwe wy foarrang foar minsken mei in sosjaal ekonomyske bining oan it gebiet, gean de striid oan mei twadde wentebesitters en sjogge wy nei mooglikheden om de priis foar nijbou leech te hâlden. De jongerein yn Fryslân fertsjinje in triuwke yn de rêch. Op it stuit wurkje ús ôfdielings der hurd oan om dit yn de gemeenten foar inoar te krijen. Foar de FNP betsjut it Oanfalsplan Wenjen benammen dat wy wolle dat der betelbere wenningen boud wurde dêr wêr’t de mienskip dat freget.

Gjin grutskalige wentebou

Ek provinsjaal is it Oanfalsplan liedend. Guon partijen soene yn Fryslân wol 60.000 wenningen bybouwe wolle, benammen yn it súdeasten fan ús provinsje. Dy oantallen binne neamd yn ferbân mei it saneamde Deltaplan voor het Noorden. De FNP is tsjin dat deltaplan. It sil de unike skaal fan Fryslân mei syn 11 stêden, regionale sintra en mei mear as 400 doarpen sosjaal en ekonomysk folslein út syn ferbân lûke.

Yn oparbeidzjen mei de Fryske gemeenten wolle wy ta in plan komme wêryn’t alle plakken yn Fryslân de mooglikheid hawwe sille om nei aard, skaal en karakter by te bouwen. Troch sa by te bouwen sil de struktuer behâlden bliuwe en wurdt romte jûn foar minsken om werom te kommen nei it plak wêr’t se har thús fiele. Foar it iene plak sille der dan op syn meast 5 wenningen komme en foar in transysjegebiet lykas it stasjonsgebiet yn Ljouwert kinne dat folle mear wurde. De gemeenten binne oan set. Sy witte wat lokaal nedich is en stean ticht by de minsken. De FNP wol ynwreiding foar útwreiding. Wy binne en bliuwe tige kritysk op wentebou yn de iepen romte. Dat jildt ek foar (djoere) fakânsje-koloanjes. Tink oan plakken as Hylpen, Starum en Sleat mei al harren twadde wenten. Wenjen is in basisrjocht.

In libben lang yn it eigen wenplak

Wy sjogge dat minsken hieltyd langer thús wenje. Ek it sosjaal domein is yntusken sa ynrjochte. Mei de fergrizing, dy’t de kommende jierren mear en mear op kommendewei is, betsjut it dat wy ek oars nei de te bouwen wenningen sjen moatte. Ek al giet de provinsje der yn de basis net oer hokker wenningen der boud wurde, sy sit al oan tafel mei de gemeenten en oare partijen as it oer de wenningfoarried giet. Der sil in oanjei-fûns komme moatte om in Frysk hofkes-konsept te ûntwikkeljen. Hjirmei moat it mooglik wêze om soarch te konsintrearjen en gebrûk te meitsjen fan de krêft fan de mienskip, sadat ek op it plattelân minsken in libben lang yn de eigen omjouwing wenjen bliuwe kinne. In byfangst is dat soks de trochstream befoarderje sil, wêrmei’t der plak komt foar ús jongerein en foar trochstreamers. De measte hûzen stean der al.

Fierders binne goede soarch en tagong dêrta essinsjeel foar in libben lang yn it eigen wenplak. Dat freget ek dat de akute soarch as basisfoarsjenning yn de regio oerein bliuwt. Dat is net allinnich fanwege de medyske risiko’s en it ûngemak fan lange reistiden, mar ek om’t de soarch altyd better en effisjinter útpakt as dy goed oanslút by it eigen netwurk en de krêft fan de mienskip. 

Lânskip

‘’Us lânskip – ús romte – ús goud” 

Natuer en lânbou kinne net sûnder inoar
Lit it fuort dúdlik wêze: Natuer en lânbou gean by de FNP hân yn hân. De lêste jierren is der in soad dynamyk. Foar de FNP stiet foarop dat Fryslân de lânbou-provinsje fan Nederlân bliuwe sil. Mar wy slute ús eagen net foar de ûntwikkelingen dy’t al plak fine. De agraryske sektor is in ûnmisbere spiler binnen de mienskip, foar ús minsken mar ek foar it bioferskaat, de natuer en it lânskip. De bining mei de mienskip giet trouwens noch folle fierder. Tink dan bygelyks oan de trekker by de optocht fan it doarpsfeest of it opheljen fan âld papier. Dêr moatte wy sunich op wêze.

Yn 2019 wie it de FNP dy’ t dy ûntjouwings oankommen seach en pleite foar feroarings. Net op basis fan twang mar op basis fan reewilligens. Fryslân sil wer foaroprinne: ‘lit de boer wer in winner wêze’. Wy seagen dat de agraryske sektor fêstdraaide yn in systeem fan maksimalisaasje en regels. Doe hat de FNP al ynsetten om te kommen ta in mear ekstinsive sektor (mei kringloop-, biologyske en grûnbûne lânbou) op basis fan in goed fertsjinmodel. Dêr wolle wy bliuwend stipe oan jaan, mar de ûndernimmer giet fansels sels oer syn bedriuwsfiering. By it útjaan fan provinsjale grûn leit der wol in rol foar de provinsje. Oan de grûn dy’t yn pacht útjûn wurdt kinne betingsten stelt wurde.

De konsumint en mienskip moatte harren rol ek nimme
Dat freget ek wat fan de konsumint, de finansjele sektor en de tuskenpersoanen. De produkten moatte wer de wearde krije dy’ t se fertsjinje. Yn koartere ketens fan boer nei board. Wy sjogge dat de konsumint hieltyd bewuster in kar makket en op mear en mear plakken de ûndernimmer in twadde tak, bygelyks ferkeap oan hûs, hat. Wy wolle maksimaal de romte biede oan in twadde of tredde tak. Tink dêrby ek oan bygelyks rekreaasjefoarmen dy’t tagelyk in ympuls jaan kinne oan de leefberens op it plattelân, soarch-arranzjeminten, de opwek fan enerzjy en eins de meast wichtige: de produksje fan natuerwearde en bioferskaat en dêrmei it behâld en ûnderhâld fan ús lânskip. Fanút de provinsje wol de FNP in kertiermakker dy’t produsinten fan Fryske produkten keppelt oan de ynkeap-organisaasjes fan grutte bedriuwen en ynstellings. Grutsk wêze op eigen produkten is ien, mar it brûken makket écht it ferskil.

Fryslân: foaroprinner yn agrarysk natuerbehear
Neist it behâld fan de – foar Fryslân sa typearjende – romte binne foar de FNP in sûne grûn, skjin wetter en bioferskaat de útgongspunten foar agrarysk natuerbehear. Goed om te beneamen is dat Fryske boeren hjir al foarop yn rinne. De FNP is grutsk op de grutte stappen dy’t boeren makke ha mei it agrarysk natuer- en lânskipsbehear (ANLb), it natuer-ynklusyf buorkjen wêrby’t in diel fan de bedriuwsfiering bestiet út it behearen fan it lânskip en de natuer. De provinsje sil stevich mei Europa en de nasjonale oerheid yn petear moatte om it wurk fan it Kollektiven Beried Fryslân en de oansletten kollektiven en agraryske natuerferienings fierder te stimulearjen. Jild út Europa is wichtich foar ûnder mear de Fryske skriezekriten, de houtwâlen en elzesingels en foar de ikkerfûgels. Positive resultaten binne der op de Waadeilannen, yn de Bouhoeke, de Greidhoeke mar ek yn it Feangreide-gebiet en tsjin it Drints-Fryske Wâld oan.

Minder stikstof en skjin wetter
De FNP stipet de Fryske stikstof-oanpak. Wy sjogge dat der yn ús provinsje ek al goede foarbylden binne. Tink hjirby oan de frijwillige reduksje fan de útstjit op in eilân as Skiermûntseach. Bedriuwen dy’t al omskeakele binne, meie net de dupe wurde fan nije plannen. Troch gebietsprosessen sille wy it mei inoar dwaan moatte. Op basis fan betrouwen yn inoar. Gjin twongen ûnteigening yn ferbân mei de stikstofmaatregels. Fierder sille ek de oare sektoaren lykas de bou, it ferkear, de yndustry en de loftfeart en fansels ús ynwenners harren ferantwurdlikens pakke moatte. De reduksje fan stikstof stiet net op himsels; ek op it mêd fan de wetterkwaliteit leit der in útdaging. Skjin wetter, it langer beethâlden fan wetter yn drûge tiden, it tsjingean fan de fersilting heart hjir fansels ek by. Wy stimulearje dat bestridings- en gewaaksbeskermingsmiddels sa folle as mooglik útfasearre wurde en tagelyk stimulearje wy alternativen. De FNP fynt dat wy net hieltyd nije en hegere hoepels opsmite moatte. Wy moatte de saken no fuort goed regelje sadat elk wit wêr’t hy of sy oan ta is en Fryslân de lânbou-provinsje fan Nederlân bliuwt.

Fryslân greidefûgellân
Wy bliuwe ynsetten op it stimulearjen fan ús greidefûgels en it fergrutsjen fan it bioferskaat. It Natuer Netwurk Nederlân sil ôfmakke wurde. Wa’t oan greidefûgel-behear docht en dêr subsydzje foar kriget, sil ien kear binnen de (subsydzje-)kontraktperioade fergees in kursus folgje. Mei inoar moatte wy der foar soargje dat Fryslân de greidefûgel-populaasje (ljip, skries ensfh.) op peil hâldt en dêr wêr’t dat mooglik is, fergruttet.

Fierder hâldt de FNP each foar ús kultuerhistoaryske lânskipseleminten. Elzesingels, beamwallen en oare lânskipseleminten fertelle in part fan ús skiednis. Wat fuort is, komt net maklik werom. Yn dat ljocht wol de FNP ek in subsydzje ynstelle om wichtige lânskipseleminten dy’t ferdwûn binne wer sichtber te meitsjen yn it lânskip. Dêrneist wol de FNP mei de oare Fryske oerheden it werstelplan bioferskaat fierder yn útfiering bringe. De FNP wol de subsydzje-relaasje mei ús griene organisaasjes en lânskipsbehear-partners oerein hâlde. Sy soargje mei de agraryske sektor foar it behear fan it lân. Foar de FNP binne de neisoargers fansels ek tige wichtich, de neisoarch is dan ek terjochte ymmaterieel erfgoed wurden yn 2022.

Natuerbehear
Yn it meast utopyske senario hâldt de natuer himsels yn lykwicht. Yn in kultuerlânskip lykas Fryslân is der somtiden al wat help by nedich. Dy help is sawol nedich foar it ûnderhâld fan de bosken as om balâns te hâlden yn de populaasje fan guon bisten. Yn guon gefallen sille predatoaren (rôfdieren) of oare bisten dy’t in soad skea feroarsake kinne, bejage wurde moatte. Foar guon planten jildt allyksa dat dy aktyf bestriden wurde moatte, lykas de wettertekken (watercrassula), de grutte beareklau of oare ynvasive eksoaten, omdat dy te koste gean fan it besteande bioferskaat. Wy wolle ek fierder mei ferskate pilots rûnom it bejeien fan de stienmurd, en dy ek útwreidzje. It belied rûnom predatoaren hâlde wy dan ek oerein en wy sille maatwurk leverje wannear’t dat nedich is.

Sûnt 2018 wurdt de wolf ek faker yn Fryslân sjoen en sûnt de simmer fan 2022 is der op de grins fan Fryslân en Drinte roedelfoarming. Foar de ien is de wolf in machtich bist, foar de oar is it in nachtmerje. De FNP wol de lobby ynsette en der foar soargje dat de wolf in krekt wat legere beskermingsstatus kriget. Op it stuit is it bist Europeesk en dus ek yn ús lân maksimaal beskerme. Lykas guon dielsteaten yn Dútslân en yn de Alpen wol de FNP krekt wat mear mooglikheden hawwe om by eksessen yngripe te kinnen. De wolf is lêstich te kearen, grutte stekken om Fryslân bouwe is ek gjin oplossing. Fierder wol de FNP dat de besteande previnsje-regeling yn de hiele provinsje jilden giet. Feehâlders dy’t har fee beskermje wolle, moatte dêr de mooglikheid ta krije en stipe wurde. Mei de druk fan nije wolven út Dútslân wei sil dat ek needsaak wurde. 

Ekonomy en toerisme

Ekonomy en wurkgelegenheid

Lykas op in soad plakken ûntstiet ek yn Fryslân krapte op de arbeidsmerk. Benammen it ferlet oan faklju sil de kommende jierren rap grutter wurde. Mei troch de fergrizing sille der neffens it DUO (Dienst Uitvoering Onderwijs) oer 10 jier nochris 15% minder fakminsken beskikber wêze. Wy sjogge dat yn hiel it lân it tekoart oprint. Mei de grutte transysjes op it mêd fan enerzjy en klimaat dy’t op ús ôfkomme, sil de fraach allinnich mar tanimme. Dat betsjut dat der in kultueromslach nedich is. Fryslân is in MBU-provinsje. Neffens sifers fan it Frysk Sosjaal Planburo komme 7 fan de 10 jongeren mei in MBU-diploma it wurkfjild yn. Der is in driuwend ferlet fan en sy fertsjinje alle wurdearring.

Wrâldferneamde wrotters

Te lang hat de fokus lein op it sa heech mooglik oplieden fan minsken. Wy sjogge in trendbreuk. It binne no de gouden hantsjes dy’t in winkend perspektyf hawwe. It MKB is in sterk punt fan Fryslân. Krekt de lytsere skaal fan bedriuwen soarget foar bining mei it personiel en mei de klanten. De kwaliteit en it arbeidsetos fan Fryske faklju is rûnom ferneamd.

Dat betsjut dat der mear wurdearring komme moat foar it praktysk ûnderwiis. Per 1 jannewaris 2023 sille de Friese Poort en it Friesland College fusearje. Wy wolle de nije skoalle stipe jaan om harren te profilearjen as dé skoalle foar it praktykûnderwiis. Fryslân as dé fakwurkprovinsje. Der leit ek in rol foar de provinsje. Wy wolle de kommende jierren de ambachten en it fakwurk wer mear sichtber meitsje. Te lang is der belied fierd om sokke bedriuwen fuort te stopjen op bedriuweterreinen. Wy wolle it wurk wer prominint yn it strjitbyld hawwe. It moat nijsgjirrich wêze. Dêrneist wol de FNP mear de ferbining lizze tusken skoallen en ûndernimmers. Der moatte strukturele gearwurkingsferbannen komme. Wy sjogge dat soks bygelyks by de Ulbe van Houten-skoalle op It Bilt en op it Technasium yn Frjentsjer al bart. De provinsje sil de dialooch mear op gong bringe moatte om te kommen ta in duorsume takomst.

Fryslân wurket 

In soad minsken en ynstânsjes wurkje harren út ‘e naad om fakminsken op te lieden en te sykjen. Mar de inisjativen binne fersnippere. Dêrom moat der yn de syktocht nei fakminsken yn Fryslân sa gau as mooglik in sintraal loket komme. Dit kin ûnderdiel wurde fan Fryslân Werkt. Foar:

  • Sintrale oanstjoering
  • Ynformaasje sammelje
  • Ferbinings lizze en fasiliteare
  • Alle fersnippere inisjativen byinoar bringe

De partners hjiryn binne: bedriuwen, gemeenten, skoallen en it UWV. De FNP fynt dat wy foaral ek each hawwe moatte foar lytsere bedriuwen, dy’t net folle tiid en minsken hawwe foar it finen fan personiel en gjin jild hawwe foar boanussen.

De doelstellingen fan Fryslân Werkt wurde sadwaande ferbrede, bygelyks mei it behearen fan de relaasjes fan de provinsje en it organisearjen fan gearkomsten en aktiviteiten. Dit om de dialooch oer in duorsume takomst te befoarderjen.

App foar wurk-reservisten

De FNP wol dizze perioade ek ynsette op de ûntwikkeling fan in Fryske marktplaats/app foar (pensjonearre) faklju en soarchmeiwurkers. Yn gearwurking mei it bedriuwslibben en de oare Fryske oerheden wolle wy komme ta in platfoarm wêr’t minsken en bedriuwen mei putsjes en wurksumheden inoar fine kinne. Sa ûntstiet der in pool fan soarch-, fakwurk- en hannewurk-reservisten. Soks kin de druk yn ferskillende sektoaren, lykas ek de hoareka, wat weinimme en sa kinne piken yn de fraach better opfong wurde.

Ljouwert, in échte studintestêd

De FNP is wiis mei Ljouwert. Wy sjogge dat de stêd him de lêste jierren echt ûntwikkele hat ta in folweardige studintestêd. Mei NHL/Stenden, Van Hall-Larenstein, de wetterkampus fan Wetsus, de RUG Campus Fryslân en de MBU’s libbet de stêd as nea earder. Tegearre mei de gemeente Ljouwert wolle wy dizze ûntwikkeling fierder útwreidzje.

Fryslân in eigensinnige topbestimming

Fryslân hat in sterke rekreaasje-sektor mei ynternasjonale útstrieling. Wat de FNP oanbelanget, sette wy yn op duorsumens mei besikers dy’t de skjintme fan Fryslân ûnderskriuwe. Benammen yn koroana-tiid kamen der ek wol oare toeristen nei Fryslân ta. Fryslân en ús eilannen binne gjin Ibiza en dat hoech ek net. Wy sette yn op de kearnkwaliteiten: de rêst en romte dy’t Fryslân ryk is yn kombinaasje mei ús libbene stêden en doarpen. Plattelânstoerisme en wettersport fan wrâldnivo Bygelyks yn en om ús Fryske Marren, it Waadgebiet en ús eilannen of de bosken fan Gaasterlân en de Fryske Wâlden. De Provinsje hat dêrby in stypjende en oanjeiende funksje. De skiednis fan Fryslân en syn rike kultuer moatte dêr mear ûnderdiel fan wurde. In ûnderskiedend elemint, nijsgjirrich foar ús gasten.

De FNP sjocht lykwols ek in ûntwikkeling wêryn’t de minsken mei in lytsere beurs ferdreaun wurde fan harren fakânsjeplakken. De provinsje giet net oer de bedriuwsfiering fan ûndernimmers, mar de kommende jierren moat der al rekken mei hâlden wurde dat Fryslân foar elk tagonklik wêze moat. Yn dat ljocht bliuwt de FNP ek tige kritysk op de útwreiding fan grutte fakânsjeparken. Spesjale oandacht foar de Waadeilannen is op syn plak. It leechseizoen bestiet dêr eins net mear. Dat betsjut in kontinue druk op personiel, ûndernimmers en de natuer op de eilannen. Wy wolle yn de kommende perioade in grut ynternasjonaal kongres op ien fan de eilannen organisearje rûnom it fraachstik fan duorsum toerisme. Hoe bliuwe ekonomy, leefberens en natuer yn lykwicht? It sil hieltyd urginter wurde dat wy dêr in antwurd op fine.

Kultureel erfgoed is rûnom oanwêzich. Yn ús musea, histoaryske binnenstêden en yn it lanlik gebiet sa as de Fryske pleats en greppeltsjelân. Mar ek yn de boaiem en ûnder wetter lizze oantinkens dy’t in byld jouwe fan ús skiednis. Ymmaterieel erfgoed, ús tradysjes, rituelen en ferhalen fertelle oer wêr’t wy weikomme, wa’t wy binne en hoe’t wy ús ûntwikkelje. De FNP set him yn om it kultureel erfgoed te beskermjen, mar ek om nije ûntwikkelings mooglik te meitsjen. Kultureel erfgoed stiet midden yn ús maatskippij, biedt kânsen

Kultuer en taal

“Kultuer as smaroalje foar de mienskip”

Foar de FNP is ús kultuer in wichtige en libjende saak dy’t makke wurdt troch minsken en mienskippen dy’t mei inoar gearwurkje, dy’t mei inoar yn ferbining stean. Wy sjogge kultuer yn ús deistich libben sûnder dat wy dat altyd troch hawwe. Us kultuer beynfloedet ús sport, ús erfgoed, ús ekonomy en ús wize fan libjen. It bringt minsken by inoar en yn petear, ek oer de grutte útdagings yn dizze wrâld.

Mar op it mêd fan kultuer sil der in kar makke wurde moatte. It hjoeddeistige belied (Nij Poadium) rint dizze perioade ôf. De FNP wol op twa spoaren ynsette. It earste is in robúste basis-ynfrastruktuer. Dat betsjut dat musea, iepenloftspullen, Hafabra, toanielynfrastruktuer en de eveneminten dy’t it ferhaal fan Fryslân fertelle en trochjouwe wer rekkenje kinne moatte op in bydrage fan de provinsje. It twadde giet oer earlike kânsen.

Yn dat ljocht moat der in heldere subsydzjeregeling komme ûnder rezjy fan it hjirfoar neamde leefberensloket. It tal taskôgers, besikers en de relaasje mei Fryslân, har skiednis, taal of (regionale) talinten moatte de pylders wurde foar de hichte fan de bydragen. Op dy wize hat it folsleine kultuerfjild yn Fryslân deselde kânsen. Fan it Veenhoop-festival oant Welcome to the Village ta.

In bysûndere fermelding foar Arcadia/LF2028 is hjir ek op syn plak. It wurk dat yn oanrin nei 2018, it kulturele haadstêd-jier, en yn it ramt fan Arcadia ferset is, fertsjinnet in plom. Wy wolle de organisaasje behelje yn it fierder stâl jaan fan it nije kultuerbelied binnen de sketste kaders. It talint dat yn Fryslân omrint moat behâlden wurde en fertsjinnet in takomstbestindich ferhaal, mei lykweardige kânsen. Ek pleitet de FNP foar in Frysk Kultuer Fûns om talint út ús eigen provinsje te stypjen. Jongeren moatte de kâns en tiid krije om har te ûntwikkeljen.  De lêste jierren hawwe wy sjoen dat de sektor ûnder grutte druk kaam te stean. Wy seagen dat de minsken yn it kultuerfjild dreech troch de tiid komme koenen. Dat wat kwetsber is fertsjinnet beskerming.

De leie sels yn hannen

De FNP fynt dat de provinsje sels de beskikking hawwe moat oer de kultuerjilden, dy’t no lanlik en Europeesk ferdield wurde. De provinsje is sels it bêste by steat om prioriteiten oan te bringen oer wa’t de jilden krije moatte. De leie sels yn hannen. Oant dy tiid sil der fanút de Provinsje stipe komme moatte by it oanfreegjen fan lanlike en Europeeske jilden. Mei robúste oanfragen moat Fryslân in grouwélich folle mear jild nei projekten yn Fryslân helje. Dat moat in stevige ambysje wêze.

De meartalige provinsje

Fryslân is in meartalige provinsje. Mei neist it Frysk as fanselssprekkendheid ek it Nederlânsk, Biltsk, Stellingwerfsk en tal fan streektalen en dialekten, lykas de ferskate farianten fan it Stedsfrysk, de talen fan ús eilannen en it Súd-Lauwerlânsk. Foar de FNP stiet foarop dat it Taalplan Frysk yn 2030 der wier stean moat. De tiid dat minsken hjir grut brocht wurde as analfabeet yn de taal fan it hert moat dien wêze. Der is noch in soad wurk te fersetten. Mei ús partners yn it fjild is de provinsje goed op wei om de doelen fan 2030 te heljen; dat fertsjinnet de kommende jierren, mar ek dêrnei alle stipe. De FNP set yn op in eigen provinsjale ûnderwiisynspeksje mei foech op alle ûnderwiisnivo’s dy’t ek kontrolearret op de útfiering fan de profilen op de skoallen, en net allinnich op oanbod. Wy sjogge dat lanlik de oandacht foar it Frysk noch hieltyd fier achter bliuwt by de prioriteit dy’t oan oare fakken jûn wurdt. Dan moat út wêze. Dêrneist wolle wy binnen de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer tusken de Provinsje Fryslân en it Ryk rom omtinken foar it ûnderwizen fan ús skiednis.

Frysk? Hiel gewoan mar stikem-wei hiel bysûnder

De FNP wol dizze perioade meters meitsje mei de sichtberens fan it Frysk en de oare (streek-)talen. Foar de jierren 2023 en 2024 is dêr jierliks € 350.000 foar beskikber. De FNP wol dat bedrach omheech hawwe en dat bedrach foar de kommende perioade (fan fjouwer jier) struktureel meitsje. Gemeenten moatte sa stipe krije om robúste taalbeliedsplannen te meitsjen en de strideraasje rûnom it jild moat dêrmei ek oer wêze. Wy binne grutsk op ús taal en kultuer en dat mei wat kostje. Dêrom wol de FNP ek in taalkoördinator foar it Fryske MKB oanstelle. De ekonomyske wearde fan taal is grut. It is ûnderskiedend en benammen ek foar de toeristyske sektor tige nijsgjirrich. Dat moat oanjage wurde en dêrom fynt de FNP dat de provinsje sels it goede foarbyld jaan moat. Foar provinsjale uteringen en uteringen mei provinsjaal jild soe dêrom jilde moatte dat it Frysk of de gebietseigen talen in prominint plak kriget.

Foar goede foarbylden sjocht Fryslân ek oer de grins. Tink hjir bygelyks oan in lân as Wales. Wy sjogge foar Fryslân ek in lûkersrol yn relaasje ta de oare talen binnen it Nederlânske keninkryk. Dêrom gean wy op foar in struktureel gearwurkingsferbân mei de oare taalgebieden. Dêr hearre ek mei klam Aruba, Bonaire en Curaçao by.

Streektalen (regiobûn) lykweardich

In bysûndere fermelding is op syn plak foar de Biltske en Stellingwerfske taal. De provinsje hat in ferantwurdlikheid nei dizze beide bysûndere talen op ús grûngebiet. De organisaasjes dy’t opkomme foar dizze talen, stifting Bildts Aigene en stifting Stellingswarver Schrieversronte, sille fia de oanbelangjende gemeenten rekkenje kinne moatte op in strukturele subsydzje yn dizze perioade.

Fierder wol de FNP it taalkado foar lytse poppen stypjen bliuwe, de relaasjes mei Omrop Fryslân, Tresoar, de Fryske Akademy en de Afûk konsolidearje en de learstoel Frysk op de Ryksuniversiteit Grins oerein hâlde. 

Leefberens en sport

“Mienskipsbelied as betingst om noflik te wenjen”

Yn Fryslân rêde wy dermei. Al jierren docht bliken dat de ynwenners fan Fryslân ta de meast lokkige ynwenners fan Nederlân hearre. De wize wêrop’t wy hjir mei elkoar omgean en ek ús sosjale ynfrastruktuer leverje dêr in positive bydrage oan. Wy geane út fan in iepen mienskip dy’t gastfrij en respektfol omgiet mei oare kultueren en libbenswizen. De FNP wol alle stipe jaan oan nije ynwenners om harren diel út meitsje te litten fan de Fryske mienskip en kultuer. De lêste jierren is der troch de ynset fan de FNP miljoenen ynvestearre yn mienskipsbelied. Sa hat tsjinwurdich eins hast elts plak of wyk in fatsoenlik moetingssintrum yn de foarm fan in doarpshús, wyksintrum of MFA. Wy sjogge dat it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje in wiere oanjei-funksje hân hat. Dêr wolle wy mei trochsette. It is de ferbining dy’t minsken hjir noch mei elkoar hawwe, dy’t it libben kleur jout.

In deputearre foar de jongerein

Fierder pleitet de FNP foar in deputearre foar de jongerein. Jongerein en starters moatte as se dat wolle wer werom komme kinne nei it heitelân. Elkenien moat de kâns krije om ynwenner fan Fryslân en Fries te wurden.

Derneist wol de FNP romte jaan oan lokale inisjativen om doarpen en plakken ek foar jongerein leefber en oantreklik te hâlden. Sa moat der in leechdrompelige subsydzjeregeling komme foar lytse inisjativen en foar lytse ûndernimmers. Dêrmei kinne aktiviteiten stimulearre wurde dy’t it libben kleur jouwe en foar ferdivedaasje soargje. Tink bygelyks oan bootcampssup-skoallen, personal training ensafuorthinne.

Ien leefberens loket – It hûs fan de mienskip

Neffens de FNP wurdt it tiid foar in nije stap. De FNP wol de kommende jierren ta op in breed provinsjaal leefberens-loket. Der binne yn Fryslân gâns organisaasjes dy’t de Fryske mienskip op ferskillende wizen stypje: organisaasjes lykas Doarpswurk, Keunstwurk, Sport Fryslân en Fryslân Pop. Dy hawwe kennis en kunde dy’t net ferlern gean mei. Wy wolle de kommende jierren brûke om te kommen ta ien gearwurkings-organisaasje dy’t al dy kennis en kunde by inoar bringt en boarget. It moat op dy wize folle makliker wurde foar ynwenners, bedriuwen en oare organisaasjes om soepel en fluch mei fragen of ideeën dêr te lâne te kinnen. Sketten der tusken út en op nei ien loket, mei as doel dat it wurk dat de organisaasjes dogge duorsum bestean bliuwe kin.

Wy wolle binnen it evenemintenbelied, by it oanfreegjen fan fergunningen, help biede by it omgean mei de beheiningen troch de natuerwet- en regeljouwing. Organisatoaren fan kulturele aktiviteiten, sporteveneminten, doarpsfeesten of ferienings moatte dêr soepel holpen wurde. Somtiden is it papierwurk foar sokke aktiviteiten in poepetoer; dat moat oars. Minder benaud wêze foar juridyske problemen en mear hannelje nei de geast fan de wet.

Boppedat wol de FNP dat der in ûnderhâldsfûns komt foar doarpshuzen, wyksintra en oare moetingsromtes. Dit fûns moat fold wurde yn gearwurking mei gemeenten. Ek de ferduorsuming fan dy gebouwen moat hjir in plak yn krije.

In oar aspekt wêr’t de FNP soarch oer hat is it tal frijwilligers. Dêrom komt der fanút it leefberensloket in stipefunksje om foar de moetingsromtes te kommen ta in goede organisaasjestruktuer, passend by dizze tiid. Yn dat ljocht sil de funksje fan de moetingssintra ek in plus krije kinne. As wurkplak bygelyks, of om dêr te studearjen. In mear sintrale funksje foar de wyk of doarp, ek oerdeis. Rap ynternet (glêstried) rûnom yn Fryslân is dêrfoar in betingst. Wy sprekke de ambysje út dat Fryske doarpshúzen en MFA’s yn 2024 twa kear sa folle iepen binne as yn 2022.

Lokaal as betingst foar in ryk ferieningslibben

As lêste punt sil der in bewustwurdingskampanje komme oer de skaad-effekten fan de flugge ekonomy fan hjoed-de-dei. Ek yn Fryslân dûke de saneamde flitsbesoargers oeral op. Op guon plakken kin it de leefberens miskien fergrutsje, mar de loyaliteit fan de FNP leit by de lokale ûndernimmers. De kampanje sil ynsette op it lokaal keapjen fan ús guod en dêrmei stipe jaan oan de lokale ûndernimmers, dy’t mei sponsorjilden en oare help faak oan de woartel stean fan ús ferieningen, klups en ferdivedaasje. Yn in tiid dat alles fluch moat, mei hjir mear omtinken en wurdearring foar wêze.

It lân fan de topsport!

Mei de Nederlânske reedriidtimpel (Thialf), in moaie reedriidbaan yn Ljouwert (Alvestêdehal), twa betelle fuotbalklups (Cambuur en It Hearrenfean), de âldste sportwedstriid fan it lân (de PC yn Frjentsjer) en ús eigen sporten (benammen keatsen, fierljeppen en skûtsjesilen) is Fryslân bysûnder. By de measte sporten hat de Provinsje Fryslân gjin rol fan betsjutting. Wat de Fryske sporten oangiet leit der wat de FNP oanbelanget al in ferantwurdlikheid.

De tiid dat de provinsje djoere hurdfytswedstriden nei Fryslân helle is foarby. De FNP wol dat jild brûke foar de fuortsterking fan ús Fryske sporten en fan de sportynfrastruktuer.

In jier lang fergees sporte foar bern

De FNP wol de kommende jierren it plak fan dizze sporten binnen it bewegingsûnderwiis ek oanjeie. Dêrneist wol de FNP in fûns wêrmei’t ús jongste ynwenners as sy sân jier wurde in jier lang fergees lid wurde kinne fan de lokale sportferiening. Tegearre mei de koepelorganisaasjes fan de Fryske sporten wol de FNP in programma op poaten sette om praktisearjende sporters yn it basis- en middelber ûnderwiis yn te setten mei as doel dat mear jongerein lid wurde sille en dêrnei aktyf dy sporten beoefenje. 

Enerzjy en duorsumens

“Op nei in autonoom enerzjy-belied”

Fryslân stiet bekend om de romte dy’ t wy hjir noch hawwe. Mar ek om it ferskaat oan lânskippen. Fan de fruchtbere klaai oan de Waadkust, de bosken en beammen yn Gaasterlân en de Wâlden, de Greidhoeke mei it fee yn it lân en ús Fryske marren. Mei troch de ynset fan de FNP binne wy by steat west om grutte wynmûnen en wynparken op it lân op te kearen. Ek de wyldgroei oan sinneparken hawwe wy yn de ôfrûne fjouwer jier foarkomme kind. Foar de Fryske regionale enerzjy strategy (RES) hawwe wy ynset op ús eigen ferbrûk. Op it stuit foldogge wy dêr ek oan. Mar wy binne net blyn foar de ûntwikkelings om ús hinne. Ek op mondiale skaal. Wy sjogge mear en mear minsken dy’t de enerzjyrekken net mear betelje kinne. Wy sjogge hoe ôfhinklik wy binne fan bûtenlânsk gas en stean no foar in grutte transysje om fan de fossile brânstoffen ôf te kommen. De FNP wol dêrom op termyn autonoom wurde yn ús enerzjyferlet, mar dêrby wol each hâlde foar de balâns tusken it opwekken fan enerzjy en it behâld fan ús moaie lânskip. Dat is ommers ien fan ús skaaimerken.

Wy hâlde fêst oan it no jildende provinsjale wynmûne- en sinneparken-belied. De FNP set dêrneist fol yn op nije ûntjouwings lykas akwatermy, geotermy, wetterstof, grien gas en ‘blue energy’. Fierder wolle wy mear federalistyske oplossingen foar de útdagingen fan dizze tiid. Dêrmei bedoele wy dat wy net sitte te wachtsjen op yngrepen fan it Ryk, mar it op ús eigen wize dwaan wolle. Soarchfâldich en yn lykwicht mei de omjouwing. Om autonoom te wurden yn ús enerzjyferlet wolle wy de kommende perioade ôfspraken meitsje mei gemeenten dy’t fiergeande plannen hawwe om te foarsjen yn it eigen ferlet. Tink hjirby oan in gemeente as Waadhoeke. Wy sjogge nei stikken grûn dêr’t oars gjin goede bestimming foar is en stean posityf tsjinoer plannen dy’t in bydrage leverje kinne om ús doelen te heljen. By grut draachflak fan de omjouwing kin maatwurk fan tapassing wêze. Sokke plannen moatte goed ynpast wurde yn it lânskip en de revenuën moatte ek beskikber wêze foar de mienskip.

Koartsein: wy litte de grutte transysje dêr’t wy foar stean net oer oan de grutte jonges mar gean foar lokaal eignerskip, somtiden yn gearwurking mei grutte bedriuwen. Alles nei aard, skaal en karakter en passend by de omjouwing. Mei in robúst netwurk dat by de tiid brocht wurde sil. Dêrneist bliuwt fansels oerein dat wat jo net brûke ek net opwekt hoecht te wurden. De provinsje hâldt yn it enerzjy-belied in stypjende rol tsjinoer de gemeenten en koöperaasjes.  

Mobiliteit

Fryslân leit der wat de diken oanbelanget kreas by en is foar de kommende jierren eins wol sa’n bytsje klear. De FNP is dan ek gjin foarstanner fan in nije dyk tusken Snits en Ljouwert. Utsein wat oanpassings hjir en dêr yn it ramt fan ferkearsfeiligens foarsjogge wy gjin grutte projekten foar de kommende perioade fan fjouwer jier. Wat de farwegen oanbelanget moatte de brêgen fan it Prinses Margrietkanaal gau by de tiid brocht wurde troch Rykswettersteat. Nije grutte farwegen binne yn Fryslân net nedich. De kosten fan sokke grutte ynvestearringen leverje te min rendemint op en hawwe in negative impact op ús lânskip. Wy bliuwe skerp op in goede berikberens fan ús eilannen.

Lânskiplike kosten Lelyline wage net op tsjin de baten

In oar grut projekt dat spilet en mooglik noch mear opspylje sil is de saneamde Lelyline. In snelle spoarferbining tusken de Rânestêd, it noarden fan Nederlân en de rest fan Europa. Fryslân fertsjinnet in goede ferbining, mar de kosten foar ús lânskip en de keppeling dy’t yn de plannen lein wurdt mei grutskalige huzebou soargje derfoar dat de FNP gjin foarstanner is. Der moat útgien wurde fan wêr’t Fryslân sels ferlet fan hat. De FNP is dan ek tsjin de komst fan in snelle spoarferbining ûnder dizze betingsten.

Takomstbestindige struktuer foar it iepenbier ferfier

Nije mobiliteit en benammen it fraachstik fan it iepenbier ferfier sille de kommende jierren op in oare wize besjoen wurde moatte. Sûnder substansjele ekstra bekostiging fan it Ryk foar it iepenbier ferfier as saak fan algemien belang sil it ûnmooglik wurde om it busferfier sa’t wy dat no kenne oerein te hâlden. De FNP fynt it berikber hâlden fan it plattelân uterst wichtich foar in leefber plattelân en wol dêrom ynsette op in betrouber en robúst netwurk fan haadferbiningen. Alle plakken yn Fryslân moatte in foarm fan tagong hawwe ta dit netwurk. Mei de opkomst fan de elektryske fyts binne koartere ôfstannen makliker te oerbrêgjen as earder. Dat betsjut ek dat der goede fytsestallings nedich binne en mooglikheden om akku’s op te laden. Yn gearwurking mei de gemeenten sille wy dat ynfolje moatte. Minsken dy’t minder mobyl binne, moatte de mooglikheid hawwe om by de haadferbiningen te kommen. Yn de takomst binne der gjin grutte lege bussen mear mar komt der mear maatwurk. Mei in robúst systeem en in nije fisy op mobiliteit bliuwt de tagong ta iepenbier ferfier en de leefberens oerein.

Lânlik sjogge wy in (fernijde) diskusje ûntstean oer it saneamde rekkenriden. Foar de FNP is dúdlik dat de ôfstannen dy’t minsken yn Fryslân ôflizze (moatte) oer it generaal grutter binne en dat betroubere alternativen minder oanwêzich binne as bygelyks yn it westen fan Nederlân. Dat betsjut dat wy fine dat de ynwenner fan Fryslân net de dupe wurde meie fan in nij systeem.