8 November 2023

Dit wykein komme der fertsjintwurdigers fan ferskillende Europeeske eilânregio’s nei Skylge ta. Se sille dêr prate oer hoe’t yn ferskillende lannen en regio’s oplossingen fûn wurde om te foldwaan oan it ferlet oan geskikte en betelbere wenningen foar de ynwenners.

De FNP wurket dêrfoar gear mei de European Free Alliance (EFA), de Europeeske politike party dêr’t de FNP by oansletten is. Op Skylge wurde dielnimmers ferwachte út Sicilië, Sardinië, Menorca, Baskenlân, Corsica, Bretagne, Cornwall, Sleeswyk-Holstein, de Aland-eilannen en út Fryslân sels.

De ynternasjonale dielnimmers komme op freed oan. Op saterdei begjint it programma mei fjouwer wethâlders fan twa Fryske eilannen en fan twa gemeenten op de fêste wâl dy’t fertelle sille oer wat hja dogge om foldwaande geskikte wenningen te krijen foar de ynwenners. Ek komme de Fryske deputearre fan wenjen en de gebietsdeputearre foar it Waad oan it wurd.

De middeis wurdt it tema mei in Europeeske bril besjoen: hoe gean oare eilannen om mei de spanning op de wenningmerk en wat kin de EU der oan dwaan om de ynwenners fan de eilannen te helpen? De Korsikaanske Europarlemintariër François Alfonsi sil dêroer yn debat mei de offisjele fertsjintwurdiger fan de Aland-eilannen by de EU en mei EU-wenningmerk-ekspert Barbara Steenbergen.

Twa jier lyn tsjinne de FNP in moasje yn op it jierlikse EFA-kongres. Dat wie part fan it Oanfalsplan Wenjen fan de partij. Yn it Oanfalsplan stie beskreaun hoe’t ús eilannen doe al foarrang joegen oan eigen ynwenners en oan wurknimmers dy’t dêr in wenning nedich hawwe. Yntusken sjocht ek de lanlike polityk yn dat sokke regels ek op de fêste wâl nedich binne.



Tags: Europa Wenje yn Fryslan