20 November 2023

De FNP Steatefraksje wol dat de provinsje aktyf belutsen wurdt by de plannen fan Arcadia om yn 2025 in tydlik bouwurk, in ‘griene oaze’ te bouwen yn Ljouwert. Dat bouwurk soe komme moatte op it Aldehoustertsjerkhôf, dêr alle jierren ek oare festivals harren plak hawwe. Op dy festivals moatte wy sunich wêze, fynt Dinie Visser, FNP-wurdfierder kultuer.

Yn de Ljouwerter Krante fan saterdei 18 novimber stie dat it trijejierlikse kultuerfestival Arcadia fan doel is en set yn 2025 in ‘tydlik stikje boukeunst’ del op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert, in ‘griene oaze.’

It objekt en de bou derfan liket fan gefolgen te hawwen dat besteande festivals lykas it Befrijingsfestival en ‘Into the Grave’ yn de knipe komme, it plein dat jier net brûke kinne. Hoewol’t de organisatoaren fan dy festivals it in prachtich, sympatyk inisjatyf fine, binne se fan betinken dat Arcadia miskien better in oar plak yn Ljouwert sykje kin.

De besteande festivals hawwe in fêst plak op de jierlikse kalinder en sitte mei besteande ôfspraken. Dat it net maklik is om in oare lokaasje yn Ljouwert te finen en it kultueroanbod oerein te hâlden hawwe it fertrek fan ‘Welcome to the Village’ en ‘Psy-Fi’ wol sjen litten.

Dinie Visser: ‘Wy fine it fan grut belang dat de festivals yn Ljouwert en de kultuer yn Fryslân goed dije kinne. Arcadia ferriket ús provinsje mei moaie projekten, mar mei oare festivals net yn it paad sitte. Dêrom freegje wy de provinsje om mei de ferskillende partijen in oplossing te sykjen.’

20231120_Skriftike-fragen-FNP-oer-Arcadia-en-oare-festivalsDownloaden


Tags: