21 November 2023

De FNP Steatefraksje freget it kolleezje fan Deputearre Steaten om opheldering oer it oanhâlden fan de oanfraach fan it Wetterskip foar in stikstoffergunning. It Wetterskip hat dy nedich om in projekt foar natuerfreonlike wâlskanten út te fieren. Dat is nedich om oan de wetterkwaliteitseasken te foldwaan, dêr’t it Wetterskip en de provinsje Fryslân tegearre foar oan de latte stean.

Dit wykein stie yn de Ljouwerter Krante in lang artikel oer de wegering fan it kolleezje fan Deputearre Steaten om in stikstoffergunning te ferlienen oan it Wetterskip. Dêrby giet it om in hiele lytse deposysje, in ‘kabouterhapje’ neffens de krante.

De FNP Steatefraksje hat de yndruk dat de opstelling fan it kolleezje by it ferlienen fan de fergunning ûnnedich beheinend is en it kolleezje in twatal moasjes yn de Steaten op in ferkearde wize ynterpretearret. Dêrmei docht it kolleezje skea oan it beheljen fan de eigen doelen en oan de relaasje mei it Wetterskip, dy’t ien fan ús wichtichste partners is by it beheljen fan de opjeften yn de transysje fan ús lanlik gebiet.

De Steatefraksje wol opheldering fan it kolleezje en wol witte oft der gjin oare mooglikheden binne om it wurk dochs trochgean te litten. Sa wie der earder in oplossing betocht mei de help fan it Fryske Gea en hat de rjochtbank Midden-Nederlân ferline wike tastien dat by in hiele lytse deposysje fia in saneamde ‘passende beoordeling’ dochs fergunningen ferliend binne yn de provinsje Flevolân.

Skriftlike-fragen-FNP-opheldering-wegere-fergunning-WetterskipDownloaden


Tags: