30 November 2023

Europa ynspirearre troch foarum oer wenjen op Skylge

Yn it wykein fan 10-12 novimber wiene der fertsjintwurdigers fan ferskillende Europeeske eilânregio’s op Skylge. Mei minsken fan ús Waadeilannen en FNP-ers hawwe sy it hân oer wat der dien wurde kin om der foar te soargjen dat der genôch geskikte en betelbere wenningen foar de ynwenners komme.

Wenjen, in hiel wichtich tema foar de FNP
Twa jier lyn waard troch op it jierlikse EFA-kongres in moasje fan de FNP oannaam. Dat wie part fan it Oanfalsplan Wenjen fan de partij. Yn it Oanfalsplan stie beskreaun hoe’t ús eilannen doe al foarrang joegen oan eigen ynwenners en oan wurknimmers dy’t dêr in wenning nedich hawwe. Dat gegeven wie de oanlieding om oan it begjin fan de moanne de gearkomste op Skylge te organisearjen.

Steatelid Sita Land-Dotinga, wurdfierder wenjen foar de FNP: ‘Foar de FNP is wenjen in hiel wichtich tema. Wy fine dat ús ynwenners wenje kinne wêr’t se wenje wolle en dat der genôch, goede en betelbere wenningen foar ús ynwenners wêze moatte. Dêrby fine wy dat yn al ús doarpen nei aard, skaal en karakter byboud wurde kinne moat.’

De FNP wol gjin nije sliepdoarpen lykas by Ljouwerd, mar dêr wêr’t dat nedich is moat byboud wurde om ús mienskip leefber te hâlden. Dat hat de FNP twa jier lyn opskreaun yn it Oanfalsplan Wenjen en yntusken wurdt dat in ús gemeenten útfierd. De eilannen binne dêrby in wichtige boarne fan ynspiraasje.

Op de gearkomste op Skylge hawwe de sprekkers en de oare dielnimmers yntinsyf sprutsen oer it tema wenjen op eilannen, en ek wol oer wenjen op it fêstelân yn regio’s dy’t krekt wat fierder fan de ekonomyske sintra lizze.

De lokale oanpak
Spanningen binne op eilannen wat earder sichtber as op it fêstelân, mar oplossingen wurde ek earder fûn. Boargemaster Caroline van de Pol fan Skylge trape ôf: de mooglikheid om der te wenjen is essinsjeel foar de leefberens op in eilân. As rike besitters fan twadde wenten it ûnmooglik meitsje foar permaninte ynwenners om op de eilannen wenjen te bliuwen, dan komt de leefberens yn gefaar.

De Fryske Deputearre fan Wenjen, Sijbe Knol, wiisde op de rol fan de provinsje en de nasjonale oerheid om mei wendeals nije wentebou te stimulearjen. Dêrnjonken spruts hy oer de gentrifikaasje dy’t oeral yn Europa foarkomt op de plakken wêr’t rikere toeristen de besteande ynwenners ‘fuortjeie’. Dy gentrifikaasje is der ek yn Sylt of Menorca.

Wethâlders Theo Faber (Amelân) en Gea van Essen (Skylge) toanden op hokker wize de eilânbestjoeren sels maatregels nimme kinne. Troch it ûntwikkeljen fan nije wenningprojekten en troch mei tûk belied en regels foarrang te jaan oan de eigen ynwenners en oan nije bewenners dy’t de mienskip op de eilannen fitaal hâlde sille yn te takomst: soarchmeiwurkers, plysjeminsken, de frijwilligers fan de brânwacht en rêdingstsjinst. It is fan it grutste belang dat sy op de eilannen wenjen bliuwe kinne. Dêrnjonken binne de beheinde romte en it lobjen direkt neist in natuergebiet foarse útdagingen.

De fêstelân-wethâlders Chris van Hes (De Fryske Marren) en Bert Koonstra (Noardeast-Fryslân) hawwe ús sjen litten wêr’t sy tsjinoan rinne yn de ambysje om húsfêsting te bieden oan de ynwenners fan de twa gemeenten, dy’t beide mear as 50 kearnen hawwe. Ynwenners wolle graach yn eigen doarp en mienskip libje bliuwe, mar regelingen fan de nasjonale oerheid om dat te finansieren geane út fan grutte oantallen wenningen. Barbara Steenbergen (International Union of Tenants) joech de suggestje om ek ris te sjen nei Europeeske fûnsen, lykas it Kohesyfûns of mei ynvestearringen troch de Europeeske Ynvestearringsbank.

De Fryske gemeenten en de Provinsje Fryslân dogge no mei-inoar in bondele oanfraach by de nasjonale oerheid en de kâns is grut dat de subsydzje takend wurdt. Yn Noardeast-Fryslân, dêr’t minsken tsien jier lyn benaud wiene foar krimp en leechstân, groeit de befolking en wurdt yntusken de belofte oan de kiezer ynlost. Yn de helte fan de doarpen wurdt al wurke oan nijbou nei aard, skaal en karakter.

Nei de pauze wie de Fryske Waaddeputearre Matthijs de Vries oan bar. Krekt as eardere sprekkers spruts hy oer it belang om de eilannen leefber te hâlden. De foarsjennings op de eilannen steane ûnder druk. As de lêste skoalle slút of it lêste âldereinsintrum de doarren slút, hat dat in grouwélige impact, folle mear as op it fêstelân, dêr’t tsien kilometer fierderop faaks noch wol in alternatyf foar hannen is. Mar sûnder skoalle, sûnder jonge âlders wurdt it foar alle eilânbewenners dreech.

Dy útdagingen wurde no oppakt troch de Regiodeal dy’t oardel wike foar de gearkomste tekene waard troch de provinsje, de eilângemeenten en de nasjonale oerheid. Ta eintsjebeslút presintearre Matthijs de Vries noch inkelde projekten wêryn’t de provinsje mei de eilannen en oare regio’s yn Europa gearwurket.

Utzoomend nei in akademysk perspektyf
Nei lústere te hawwen nei lokale en regionale bestjoerders, beweegden wy ús dêrnei nei it akademyske perspektyf dat presintearre waard troch professor Sierdjan Koster (Ryksuniversiteit Grins). Ien fan de belangrykste konklúzjes fan de professor ekonomyske geografy wie dat ‘eilannen spesjaal binne, mar net hiel spesjaal foar alle aspekten.

Wêr’t hy op wiisde, is dat der twa haadmodellen binne om nei de wrâld te sjen. It earste model leit de klam op de agglomeraasje-effekten – dêrby is tagonklikheid it alderwichtichst. Mar yn de praktyk sil it sintrum it measte winne fan nije ferbiningen, en negative bykommende effekten spriede har út nei de eardere perifeare gebieten, bygelyks hegere prizen foar wenningen of filefoarming. It twadde model leit de klam mear op de natuerlike sterke punten fan in plak, en brûkt dy sterke punten foar ûntjouwingen dy’t passe by dat plak sels. De twadde oanpak wurdt brûkt troch de provinsje Fryslân, troch syn belied dat brede wolfeart beklammet.

Wat bart der op oare plakken yn Europa en wat is de rol fan de EU?
Yn fjouwer ferskillende wurkgroepkes besprutsen de dielnimmers it tema wenjen út har eigen situaasje wei. Foar de measte eilânregio’s is toerisme de wichtichste faktor, en it fan it grutste belang dat dy yn goede banen laat wurdt sadat rekken holden wurdt mei de lokale befolking. Mar dat freget ek Europeeske en nasjonale wetjouwing dy’t it mooglik meitsje foar lokale oerheden om in eigen belied ta te passen.

Nei it middeismiel wie de fokus op it Europeeske perspektyf. De earste sprekker wie it Korsikaanske Europarlemintslid François Alfonsi. Eilannen hawwe fan natuere beskate handicaps. Transport is dreger, sûnenssoarch, it oanbod oan wurknimmers (of banen). Oer it algemien binne de kosten sa’n 10% heger op eilannen. En mei toeristen geane de prizen fan huzen omheech, wat in soad eilânbewenners net betelje kinne. Dêrom binne der spesjale maatregels nedich sadat minsken op har eilân bliuwe kinne.

De EU kin belied spesifyk foar eilannen oannimme, en dat is wêr’t François Alfonsi oan wurket binnen de Europeeske ynstellingen. Yn de kommende perioade, wol hy in Islands Pact ôfslute, fergelykber mei it al besteande Urban Pact yn de EU dat him rjochten op de spesifike situaasje fan grutte stêden.

Barbara Steenbergen (International Union of Tenants) wiisde op it feit dat eilannen altyd in tekoart oan lân hawwe en dat lokale oerheden dêr kontrôle oer hâlde moatte. Yn de EU is sy behelle by de tarieding fan ferskillende wetsfoarstellen dy’t te meitsjen hawwe mei wenjen. Bygelyks by de Short-term Rental Directive-rjochtline dy’t regels ynfierd om it weinimmen fan betelbere wenromte foar it ferhieren oan toeristen oan bannen te lizzen en priisopdriuwing tsjin te gean. In oare resinte ûntjouwing is dat EU minister no mear fleksibiliteit wolle om subsydzjes te jaan foar sosjale wenningen, ek foar midden-ynkommens, wat op dit stuit ferbean is neffens de Europeeske regels. Barbara frege ek mear aksje fan lokale en regionale oerheden om sels oan de slach te gean mei wentebou, as kommersjele projektûntwikkelders net foldwaande ynvestearje. Der is in wenningkrisis, en dy moat no oplost wurde!

De lêste sprekker wie Anton Nilsson, fertsjintwurdiger fan de regearing fan de Åland Eilannen by de Europeeske Uny. Hy fertelde oer de spesjale situaasje op de Åland Eilannen, dêr’t jo as persoan in spesjale status hawwe moatte om in wenning of lân te keapjen. Dy status soarget der foar dat de prizen leech bliuwe en dat de toerismesektor ûnder kontrôle bliuwt, mar dêr wie al in apart ferdrachsprotokol foar nedich doe’t Finlân yn 1995 lid waard fan de EU.

It suksesfolle EFA Islands’ Forum op Skylge waard op saterdeitejûn ôfsletten mei in jûnsmiel mei alle dielnimmers yn West-Terschelling. De oare deis binne de ynternasjonale gasten weromreizge nei harren eilannen oeral yn Europa.

Dit projekt is mooglik makke mei stipe fan it Europeeske Parlemint en Onafhankelijke Politiek Nederland (OPNL). De ynhâld fan it projekt is de ferantwurdlikheid fan FNP en EFA, en it Europeeske Parlemint kin net ferantwurdlik hâlden wurde foar it gebrûk, op hokker wize dan ek, fan de ynformaasje dy’t dield is binnen it projekt.



Tags: