8 December 2023

Ofrûne wykein wie it wer safier. In part fan de eilannen fierde harren eigen ferzje fan it Sinteklaasfeest. Op it Amelân ken men syn eigen feest, it Sunneklaas. In âlde tradysje en feest fan, foar en troch de bewenners fan It Amelân. In eilân dert 363 dagen fan it jier gasten wolkom binne, jildt dat net foar Sunneklaas.

De lêste jierren probearret de media ferslach te dwaan fan it feest. Dit resultearre deryn dat de bewenners harren twongen fielden de boaten foar it feest te kontrolearjen op sjoernalisten. Foar de tredde kear op rige probearre POWNED It Amelân te berikken. Sy wurden betrape en frege om it eilân te ferlitten. Mar dat ron út op in protte gesoademiter. No binne wy twa oanjeften fierder fan sawol POWNED as de eilanners en stiet it feest yn de skynwerpers. En dat wie no krekt net de bedoeling fan de bewenners.

It beskermjen fan harren tradysje falt de Amelanners te priizgjen. Earder resultearre krityk op it Kallemooifeest al yn in grutte oprin rjochting Skiermûntseach, stie de tradysje fan it karbidsjitten ûnder druk en ferdwynt it al oanpaste Sinteklaasfeest mear en mear nei de eftergrûn. Just yn de regio soargje tradysjes foar in gefoel fan ienigens. In werkenber momint op de jierkalinder dy’t de mienskip yn beweging bringt. Dat fertsjinnet respekt en akseptaasje.

Yn ‘e tuskentiid wol it bûn fan sjoernalisten dat gemeente Amelân in gearkomste organisearret dêr’t it belang fan sjoernalisten en ferslachjouwing sintraal stiet. Wy draaie it leaver om; in sesje ‘ynbyldzjen leare’ soe bepaalde media ek ta in fris ynsjoch bringe kinne. Dat it belang fan eigen tradysjes en de dêrby hearrende mytology akseptearre wurde moat. Wy gunne It Amelân syn feest fan Sunneklaas en brûke ús eigen fantasy om dêr in byld fan te meitsjen yn stee fan nei in striemin item fan POWNews te sjen.

Wy hoopje dat it feest takom’ jier wer yn alle rêst en mystyk hâlden wurde kin.

Dinie Visser

Steatelid FNP



Tags: