13 March 2024

Jierren ferlyn (ik bin op it stuit ek al wer 26 jier) wie myn Cito-toets skoare VMBO-kader. Neffens de juf moast ik mar wat mei myn hannen dwaan en wie studearje neat foar my. No moat ik sizze dat ik it yndied aardich fyn om mei de hannen te wurkjen. Mar ik kin ek tige nijsgjirrich wêze. Dêrom ha ik de kar makke om earst MBO en dernei sawol HBO as universitêr troch te studearjen. Sadwaande stiet der sawol in laskapparaat as in mikroskoop op myn keamer.

Mar neffens guon groepen minsken binne je skynber in oar persoan op it stuit dat je noch net heger oplaat binne. Fansels ha je jierren lang ynvestearre mei tiid, jild en hiel wat nachten trochheljen. Mar binne je minder yn de leafde (e-Matching datingsite)? Of kinne je dan perfoarst minder feilich autoride (Academica autofersekering)? Of binne je dan minder sûn (Promovendum soarchfersekering)? Ik ha yn myn HBO-tiid yn elts gefal mear bier dronken as yn myn tiid as MBO-studint.

Ik ha it ek wol ris foarlein oan heger oplate lju. Mar dan waard der somtiden sûnder te ferblikken sein dat se nea wat begjinne soene mei ien dy’t leger oplaat is. Op de fraach of se harren dan te goed fielden, wie it antwurde deagewoan: ‘ja.’ As je immen noch nea sjoen ha of kinen leard ha en op foarhân fine je jo sels al te goed foar immen op basis fan uterlik dan binne je in rasist, as dyjinge tafallich ek op in oar geslacht falt in homofoob, ensfh.. Mar wannear’t je josels te goed fine om dat immen keazen hat om bakker of timmerman te wurden yn stee fan advokaat of arts dan is dat hiel gewoan?

Elkenien mankearret wol wat. En sommige minsken binne skynber minder goed yn studearjen. Makket dat har minder? Sels al kinne je ál goed studearje dan kin it sa wêze dat der thús net genôch jild is om te studearjen of ha je op oare mominten pech yn it libben dy’t makket dat je der net yn slagje om in teoretysk papierke te heljen. No wol ik dy minsken absolút net as sneu delsette. Mar ik wol mar sizze dat ik sawol relaasjes hân ha mei leger as mei heger oplate froulju en ik ha it ferskil net murken.

Neist studint en ûndernimmer bin ik ek by de polityk belutsen as provinsjaal Steatelid foar de FNP yn Fryslân. Sels hjir kom ik by it MEP (eartiids it Frysk Jeugd Parlemint) tsjin dat je allinnich mei dwaan meie mei in HAVO of VWO oplieding. Ik fyn it ek net frjemd dat MBO’ers dan sizze dat se neat mei de polityk ha en har dêr ek net samar ta útnûge fiele.

Ofslutend wol ik meijaan dat ik ek sjoch dat it yn suver de measte gefallen wol wat tafalt. En foar de heger oplate lju dy har hjir al op betraapje, kin ik it ek net kwea ôf nimme as jo altyd yn in ‘bubbel’ opgroeid binne wêr’t dit de gewoanste saak fan de wrâld is. Mar swipe foar de feroaring foaral ris nei rjochts as immen net in HBO- of universitêre stúdzje folge hat; it sil je tafalle. En tsjin minsken dy’t mear mei de hannen wurkje soe ik sizze wolle dat ek net alle heger oplate lju perfoarst elitêr binne.

Tjitte Hemstra

Steatelid FNP provinsje Fryslân, studint en útfiner

Foto: Pixabay



Tags: