14 March 2024

De FNP Steatefraksje hat grutte noed dat stienmurden aanst net mear bejage en fuortfongen wurde meie. Neffens minsken út it fjild is it kwotum om stienmurden te fangen hast fol. Dat is min nijs foar ús greidefûgels, krekt no’t it briedseizoen begûn is. De earste ljipaaien binne de ôfrûne oardel wike fûn.

De FNP makket him grutte soargen oer de reade list-soarten as ljip, skries, tjirk en strânljip. Dat binne de 4 haadsoarten ûnder de greidefûgels. Ek oare soarten, as ljurk, piipljurk en einesoarten hawwe, sa docht bliken út eardere pilots fan de provinsje, bot te lijen hân ûnder de predaasje fan de stienmurd.

Om’t Fryslân in echte greidefûgel-provinsje is en alle war dwaan wol om de soarten yn stân te hâlden, wurdt de stienmurd fuort fongen. De stienmurd is in bist dat greidefûgels fret en ek de aaien en pykjes. Omdat de skries in bedrige reade list soart is, dêr’t noch mar 6.700 pearkes fan briede yn Fryslân, hat de provinsje besletten der alles oan te dwaan om dizze soart nei 10.000 te krijen. Mar ek oare greidefûgels steane al jierren ûnder druk. Dit komt troch ferskate faktoaren, wêrfan’t ien de predaasje is.

De partij wol fan it kolleezje fan Deputearre Steaten witte hoe’t it presys sit mei it kwotum en hoe’t it kin dat der sa betiid yn it seizoen al safolle stienmurden fongen binne? Binne der mear as dat wy earder tocht hawwe? En wat kin dêr út ôflaat wurde oer de fersprieding en de geunstige staat fan yn stân hâlden fan stienmurden? Is it foar it beskermjen fan de greidefûgels nedich om de frijstelling foar it fangen fan de stienmurd te ferromjen?

Foto: Wikipedia/M.zlinko

Skriftlike-fragen-FNP-oer-stienmurdDownloaden


Tags: