5 April 2024

Fan 16 april 2024 ôf kinne ynwenners fan Fryslân jild oanfreegje foar in aktiviteit yn it ramt fan de Fryslân Ferbynt-dei om dêrmei frijwilligers yn it sintsje te setten. Hoewol’t de folsleine Steaten yn jannewaris frege hawwe om in sa leechdrompelich mooglike oanfraachproseduere, wurdt dat no yn de praktyk ûntmoedige. De FNP wol dat it kolleezje de oanfraachproseduere oanpast.

Op 22 juny is de earste Fryslân Ferbynt-dei, de dei dat it moetsjen, it dwaan fan frijwilligerswurk en it oanlûken en behâlden fan frijwilligers sintraal stiet yn Fryslân. Op dy dei moat it brûzje fan de aktiviteiten yn Fryslân. Stiftingen en ferieningen kinne in bedrach fan 500 euro oanfreegje foar in aktiviteit.

Fraksjefoarsitter Gerben van der Mei: ‘De Fryske Steaten hawwe yn jannewaris unanym in moasje oannaam dy’t freget om in alternatyf te bieden foar de online oanfraach mei eHerkenning, bygelyks troch ek it skriftlik yntsjinjen fan de oanfraach mooglik te meitsjen. Sa wurdt it oanfreegjen makliker makke. Wy sjogge no dat de provinsje skriuwt dat skriftlike oanfragen mooglik binne, mar dat de kâns op subsydzje dan lytser wurdt.’

Benammen lytsere ferieningen en stiftingen hawwe yn de measte gefallen gjin eHerkenning, in kommersjele tsjinst wêrmei’t online identifikaasje mooglik makke wurdt. De provinsje freget inisjatyfnimmers dy’t skriftlik oanfreegje wolle om te beljen; dêrnei pas wurdt in oanfraachformulier opstjoerd.

Gerben van der Mei: ‘Fryslân driuwt op frijwilligers, dat is de krêft fan de mienskip, fan Fryslân. Dy minsken wolle wy berikke – alle inisjatyfnimmers moatte oanfreegje kinne, ek lytse ferieningen of bewennersgroepen. Wêrom kin dat formulier dan net downloaden wurde fan de side fan de provinsje en oan de baly ynlevere wurde?’

Omdat de oanfraach fan 16 april ôf al yngiet, hat de FNP frege om behanneling yn de gearkomste fan oare wike woansdei 10 april. De partij sil dan fragen stelle oan it kolleezje.



Tags: