15 April 2024

Blauwwaarm hong de middei
oer it hiem;
ûnder it mes fan de stilte
waarden bousel en beam
yn oarder brocht.

In part fan it troch ús Pake Jan Dotinga skreaune gedicht ‘stilte’, út ‘e bondel ‘lytse ivichheit’, waard brûkt troch ús dichter fan Fryslân Arjen Hut en foardroegen by de ûndertekening fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) ôfrûne moandei.

Yn dy bestjoersôfspraak is opnaam wat it Ryk en de provinsje dwaan sille om de Fryske Taal en Kultuer fuort te sterkjen. Tige wichtich en oantrune troch Keamerlid Habtamu de Hoop en in pear fan syn kollega’s. Dy’t dêrnei yn in praatshow troch in âld man ferwiten waard dat er himsels in Fries neamt. Yn dyselde praatshow waard ek ús Fryslân en it Frysk bespotlik makke. € 18 miljoen, weismiten jild. Neffens my is it sjen nei sa’n praatshow weismiten tiid. Dy lju dêr witte ja de helte fan de tiid net wêr’t se it oer ha.

De gearwurking dy’t nedich wie om derfoar te soargjen dat ús libjend erfgoed ek echt libben bliuwt, ha wy ûnder oaren te tankjen oan de Fryske polityk. Mei amtners dy’t harren tige ynset ha, gemeenten dy’t ek de gearwurking socht ha en no harren ynbring (foar in part) werom sjogge yn de BFTK.

En oer gearwurking sprutsen, it fernuvere my dat der blykber fjouwer gemeenten fine dat se wichtiger binne as oaren en foarrang ha meie. Foarrang op wentebou. De F4: Ljouwert, Smellingerlân (Drachten), Hearrenfean en Súdwest-Fryslân (Snits). Moatte wy ek hjir net just de gearwurking sykje? Moatte wy net -LYKAS MEI DE BFTK- mei-inoar oparbeidzje om sa de bêste resultaten te beheljen foar ús provinsje? Der mei-inoar foar soargje dat net allinnich yn de F4 ekstra boud wurdt, mar nei aard, skaal en karakter ek just foar de leefberens op de lange termyn yn ús doarpen? Dêr is in protte fraach nei. Wêrom wurde oare gemeenten net meinaam yn dit proses? Enfin, it sil wol in lytse ivichheid duorje foardat elkenien begrypt dat jo just mei-inoar mear berikke kinne.

Sita Land-Dotinga
FNP Steatelid



Tags: