3 November 2023

De FNP makket him grutte soargen oer hoe’t it mei de greidefûgels yn Fryslân giet. Hoewol’t der yn 2023 mear aaien lein binne, komme dy lang net altyd út en jonge pykjes hawwe it dreech om te oerlibjen. As wy op de besteande wize trochgean, sil Fryslân nei alle gedachten syn doelen net helje. Der moat in toskje by.

Ferline wike waard it jierberjocht 2023 oer de populaasje fan de greidefûgels yn Fryslân publisearre. It beliedsdoel fan de Provinsje Fryslân is om yn 2030 wer 10.000 briedpearen fan de skries te hawwen – yn 1990 wiene dat der noch 30.000 pear. Ek oare soarten litte in delgong sjen. Mei dat doel en troch de ynset fan in breed ferskaat oan maatregels hat de provinsje him foarnommen om ynhâld te jaan oan syn ferplichting om de greidefûgels te beskermjen.

Op ‘e nij is it net slagge om de negative trend om te bûgjen en dêrom stelt de FNP fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten. Dat giet oan de iene kant oer it neikommen fan de ôfspraken dy’t mei de sektor makke binne oer de soarchplicht foar ikker- en greidefûgels en oan de oare kant oer it stimulearjen fan greidefûgelbehear troch boeren fia ûnder mear it agrarysk natuer- en lânskipsbehear.

Der steane in soad beliedsinisjativen op priemmen mei finansjele middels dy’t dêr oan bydrage kinne, bygelyks fia Europeeske subsydzjes, of fia it transysjefûns by it Nasjonaal Programma Lanlik Gebiet (NPLG). De FNP wol witte hoe’t dy middels yn set wurde kinne. It is saak dat der net ûnnedich tiid fergriemd wurdt en oan de efterste poat lutsen wurdt. Faasje is nedich om de trend te kearen en de doelen te heljen dy’t de provinsje him steld hat.

Skriftlike-fragen-FNP-oer-ombugjen-trend-greidefugelsDownloaden


Tags: Natuer en lanskip