15 May 2024

Yn febrewaris waard de brêge fan Skûlenboarch skansearre troch in skip en de reparaasje sil net foar ein 2024 klear wêze. Omdat de ferbining der út leit is de mienskip fan Jistrum-Skûlenboarch no yn twaen spjalten. Minsken moatte einen omride om de buorlju, de winkel, skoalle of dokter te berikken. Op saterdei 25 maaie sille Steateleden op wurkbesite by de ynwenners.

Sa’t hjoed moai sketst is yn de Ljouwerter Krante oan de hân fan de famylje Van Zwol fan Skûlenboarch, soarget it ûntbrekken fan de ferbining foar in hiel soad ûngemak en ekstra reistiid. Dêrneist is net wis wat der yn de takomst mei de brêgen oer it Prinses Margrietkanaal barre sil, Rykswettersteat is dêr oant no ta net dúdlik oer.

Hoewol’t Rykswettersteat yn earste ynstânsje ferantwurdlik is foar de brêgen, hat ek de provinsje in wichtige rol. FNP-Steatelid Sita Land-Dotinga: ‘It giet om ús ynwenners. It mei net sa wêze dat in mienskip skoften lang yn twaen ferdield wurdt en dat buorlju tsientallen minuten omride moatte. Wy moatte de mienskip stypje en der foar soargje dat harren soargen heard en begrepen wurde, oplossingen oandrage en de druk opfiere.’

Op saterdei 25 maaie om 10:00 oere sille Steateleden fan ferskillende partijen op wurkbesite by de ynwenners fan Jistrum-Skûlenboarch. De besite begjint by de brêge oan de Jistrumer kant en dêrnei folget it programma yn De Markant (Marwei 2, Jistrum).



Tags: