15 May 2024

GrienLinks en de FNP binne fan miening dat de passive hâlding dy’t de oerheid hat by de tapassing fan bestridingsmiddels yn benammen de bollen- en sierteelt skealik is. Ynwenners dy’t njonken sokke teelten wenje hawwe tanimmend soargen oer harren sûnens en der binne hieltyd mear oanwizingen dat dy soargen terjochte binne.

De twa partijen stelle fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten. It resinte rapport fan de Noardlike Rekkenkeamer oer it bollenteelt-belied yn Drinte smyt in soad fragen op, ek foar de situaasje yn Fryslân. Dêrnjonken blykt út resint wittenskiplik ûndersyk dat resten fan bestridingsmiddels oeral yn ús wenomjouwing en yn ús iten sit en dat de beoardieling fan dy middels gjin rekken hâldt mei steapeljende effekten.

Op basis fan dy legitime soarch hawwe rjochters al beheiningen op it gebrûk fan tasteane bestridingsmiddels oplein. FNP en GrienLinks wolle fan it Fryske kolleezje witte wêr yn Fryslân sier- en bollenteelt plak fynt. De partijen binne fan miening dat de lakse hâlding fan de oerheid skea docht oan sawol telers (dy’t harren oan de ûntarikkende besteande regels hâlde), as oan de omwenners dy’t yn in tekken fan bestridingsmiddels set wurde. Beide partijen komme sa hieltyd mear tsjinoer inoar te stean.

Dêrneist soene de partijen graach sjen dat it kolleezje ynkoarten mei in beliedsnotysje komt oer de mooglike ynset fan de planologyske en romtlike ynstruminten dy’t de provinsje hat en dy’t yn it rapport oer Drinte ek útwurke wurde. Troch it ynstellen fan sônes om kwetsbere objekten lykas skoallen en pjutteboartersplakken, wenningen, yn drinkwetterwingebieten of by natuergebieten soe in flink stik fan de konflikten tusken ynwenners en bollentelers ferholpen wurde kinne mei in lokaal fergunningstelsel.

20240515_Schriftelijke-vragen-GrienLinks-en-FNP-over-beleid-pesticiden-bollenteeltDownloaden


Tags: