27 May 2024

De Fryske Nasjonale Partij makket him klear foar de stap nei de Twadde Keamer. Dat ha de leden freed 24 maaie yn Wurdum besletten.

In spesjale kommisje fan FNP’ers die ûndersyk nei de mooglikheden. De haadkonklúzje wie: As wy mear ynfloed yn De Haach ha wolle, dan moatte we dêr oanwêzich wêze. In stabile partij lykas de FNP kin dêr better as wa ek opkomme foar Fryslân en oare plattelânsregio’s. Dêrnjonken sil in plak yn de Twadde Keamer de partij oantrekliker meitsje foar polityk talint.

Regionale belangen
De FNP is oer it algemien min te sprekken oer it funksjonearen fan de lanlike polityk. By de beslissingen dy’t naam wurde is fierstentemin each foar de regionale belangen. De FNP wol datoangeande in omslach meitsje.

Op dit stuit sitte der wol minsken yn de Twadde Keamer dy’t opkomme foar Fryske en regionale belangen. FNP-lid Aant Jelle Soepboer, dy’t foar NSC yn ‘e Keamer sit, is dêr in foarbyld fan. Mar eardere ferkiezingen ha sjen litten dat dit samar wer feroarje kin.

Foarsitter Jan Arendz: ’’De FNP bestiet al 62 jier en jout dus no krekt wol stabiliteit. Wy wachtsje it goede momint ôf om mei te dwaan. As der elektoraal wat te heljen falt, folget it definitive beslút.’’

Tarieding
Yn de tuskentiid makket de partij har der klear foar. Arendz: ‘’Wy sille gear oer útwreiding fan it ferhaal fan de FNP. Ek sykje we gearwurking mei oare regionale partijen yn it lân. En der moat fansels in kandidatelist komme. Al mei al wurdt de tarieding in kampanje op himsels.’’

De leden binne frege om mei te helpen. Dêrnjonken wurde professionals ynhierd. Letter binne foar de echte ferkiezingskampanje inkele tonnen euro’s nedich. Dêrom wurdt ek in plan makke foar fûnsewerving.

It bestjoer hâldt rekken mei leden dy’t tsjin de stap nei de Twadde Keamer binne. Dy leden fine dat de FNP trochgean moat mei it wurkjen fan ûnderen op en net ûnderdiel wurde mei fan it Haachske sirkus. ‘’Dat respektearje we fansels. Wy binne in partij mei leden en ôfdielingen mei lokaal foech. Elk bliuwt wolkom.’’

Oer de FNP
Yn de Fryske gemeenten binne op dit stuit 49 FNP-riedsleden aktyf en 10 FNP-wethâlders. De partij hat yn it Provinsjehûs in deputearre en fjouwer leden yn Provinsjale Steaten. De FNP sit ek yn it deistich bestjoer fan it Wetterskip en hat twa sitten yn it algemien bestjoer. FNP’er Auke van der Goot is senator. Hy fertsjintwurdiget yn de Earste Keamer de regionale partijen dy’t oansletten binne by OPNL (Onafhankelijke Politiek Nederland).



Tags: