4 June 2024

Regelmjittich krije wy as FNP de fraach oft wy ek in advys hawwe foar de kommende ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint. Want fansels is it foar FNP-partijleden en FNP-kiezers meastal dreech om in partij of kandidaat te finen dy’t stiet foar ús ideeën en idealen. Salang’t de FNP net sels op it stimbriefke stiet, bliuwe wy dêrmei wrakseljen.

As bestjoerslid fan de EFA (Europeeske Frije Alliânsje/European Free Alliance) bin ik wol aardich thús yn de wrâld fan de EU. Ik nim jo graach mei yn wêr’t ik op let by it útbringen fan myn stim foar it Europeesk Parlemint.

1. Wat is yn Nederlân in partij dêr’t ik it yn grutte linen ridlik mei fine kin? As ik by Twadde Keamer-ferkiezingen meastal in middenpartij kies, dan leit it net foar de hân dat ik Europeesk myn krúske set by de SGP of de Partij foar de Bisten, en al hielendal net by PVV of FvD;

2. Binne der kânsrike kandidaten dêr’t wy yn Fryslân mei fierder kinne? Bygelyks Anja Haga (ChristenUnie, Dokkum) en Raquel Hermida van der Walle (D66, De Gerdyk) hawwe goede kâns op in sit. Sjoerd Wijnsma (CDA, Ljouwert) stiet op plak fiif en liket minder kânsryk. Mar oare kandidaten hawwe miskien wol like folle each foar de belangen fan Fryslân;

3. Is de fraksje konstruktyf of net? Der binne partijen dy’t sels net in soad út de wei sette, mar foaral probearje it wetjouwingsproses te fersteuren, te blokkearen. Dizze minsken besykje net it belied fan de EU yn in bepaalde rjochting te feroarjen, mar earder om de Europeeske gearwurking fan binnen stikken te meitsjen. Tink oan Marine le Pen of minsken as Maximilian Krah (AfD) en Marcel de Graaff (earder PVV, no FvD). Op sokke partijen soe ik nea stimme wolle;

4. By hokker fraksje sil de kandidaat him/har oanslute? Oars dan yn de Twadde Keamer binne der mar in stik of tsien fraksjes, mei tsientallen oant hûnderten parlemintsleden út ferskillende lannen. Dy wurkje gear, mar stimme lang net yn alle gefallen gelyk. Sa sitte it CDA en de ChristenUnie (en aanst mooglik BBB en NSC) yn de EVP, VVD en D66 yn de liberale fraksje Renew, PvdA yn de sosjaaldemokratyske S&D. SGP en JA21 sitte yn de konservative ECR-fraksje (mei Meloni en it Poalske PiS fan Kaczyński). Op basis fan de grutte fan de fraksjes wurde foarsitterskippen fan de kommisjes dy’t de wetjouwing tariede ûnder inoar ferparte. Tradisjoneel binne Nederlanners boppegemiddeld ynfloedryk troch it wurk dat se fersette;

5. Wat is it profyl fan de kandidaat? Wat kin hy/sy? De ôfgeande VVD’er Jan Huitema hat as liberaal in hiel soad út de wei set yn de Lânboukommisje en de Miljeukommisje, SGP’er Bart Jan Ruissen hat foar syn konservative ECR-fraksje de ûnderhannelingen fierd foar it EU-lânboubelied. ChristenUnie-foarfrou Anja Haga hat in griener kristlik profyl. GrienLinks-kandidaat Tineke Strik is wurdfierder foar de Griene fraksje op it mêd fan migraasjebelied. PvdA-er Mohammed Chahim hat belangryk wurk dien om klimaattransysje yn goede banen te lieden. De ôfgeande D66’er Samira Rafaela hat har bot ynset foar frouljusrjochten en genderlikenens. Wat is foar jo belangryk?

Oanfoljend: it Europeesk Parlemint giet oer de wetjouwing, oer it kontrolearjen en it ynstimmen mei beneamingen fan de Europeeske Kommisje. It giet net oer it opnimmen fan nije lannen, oer de útwreiding fan it foech fan de EU of in grutter budzjet foar de EU. It giet ek net oer de moanlikse ferhuzing fan Brussel nei Straatsburch en werom. Dat leit by de lidsteaten.

Mei al dizze tips bliuwt it lestich foar in FNP’er om in kar te meitsjen. De FNP is al sûnt de oprjochting fan de EFA yn 1981 Europeesk aktyf en hat al dy tiid fertsjintwurdige west yn it EFA-bestjoer. Miskien moatte wy der ris oan tinke om sels mei te dwaan. Yn 2029 is it wer safier.

Frank de Boer
EFA Vice-Presidint foar de FNP



Tags: