14 June 2024

Achte leden,

Op woansdei 19 juny wurdt de Taalnota ‘Fansels Frysk’ behannele yn Provinsjale Steaten. Om de taalnota hinne is in soad opskuor ûntstean binnen de Fryske taalorganisaasjes en de mienskip yn Fryslân. Ferskillende organisaasjes sille harren strukturele subsydzjes ferlieze en foar in oantal organisaasjes en doelen wurdt it strukturele budzjet lytser.

Dat is op it earste gesicht dreech út te lizzen, dat begrypt de FNP Steatefraksje as gjin oar. De FNP Steatefraksje is dochs fan miening dat de kar dy’t it kolleezje makke hat, en basearre is op it bestjoersakkoart fan ferline jier tusken BBB, CDA, FNP en ChristenUnie, akseptabel is. Yn dit nijsbrief lizze wy dat út.


De finansjele situaasje fan de provinsje Fryslân
Wat is de situaasje? De provinsje hantearret in systeem mei strikte skieding tusken strukturele en ynsidintele útjeften. Dêrby hearre de strukturele útjeften yn begjinsel dy útjeften te wêzen, dêr’t de provinsje net om hinne kin. Tink oan de kosten fan it ûnderhâld fan in dyk, of foar it ôfjaan fan fergunningen. Oan de oare kant binne der ek ynsidintele kosten dy’t jier nei jier werom komme, omdat de provinsje it wichtich fynt om eat te dwaan.

De ynkomsten fan de provinsje sille nei alle gedachten yn de kommende jierren weromrinne en de reserves wurde lytser. Dêrom hat de provinsje yn 2022 alle sifers tsjin it ljocht holden en sjoen nei wat wetlike taken binne en wêr’t noch karren makke wurde kinne. Dat hat doe ta in besuniging fan 7,3 miljoen euro op de strukturele útjeften laat, wêrfan 1,6 miljoen euro op de útjeften foar taal en kultuer. Der is doe lykwols troch de Steaten foar keazen om dy besuniging tydlik mei ynsidintele middelen te tichtsjen. Dêrom wurdt de besuniging pas no sichtber.

Yn de ûnderhannelings fan in jier lyn hat FNP Steatefraksje der alles oan dien njonken de no 9,2 miljoen euro oan strukturele middelen per jier yn de perioade 2024-2027 in bedrach fan 10 miljoen euro ynsidinteel jild foar it taalbelied yn te setten. It is mei oan de FNP te tankjen dat der yn dizze perioade noch sokke grutte ynvestearringen dien wurde op taal, kultuer (53 miljoen euro) en leefberens (20 miljoen euro).

Omdat wy der foar keazen hawwe om in foars bedrach oan ynsidintele middelen yn te setten, sille lykwols de reserves fan de provinsjes tydlik leger wêze. Dêrom hat de koälysje besletten meifallers weromfalle te litten nei de reserve, oant it momint dat dy wer op in sûn nivo sit. Nei alle gedachten sil dy situaasje gau wer berikt wêze, al is dat de lêste wiken wer tige ûnwis wurden mei it nije Haadlinenakkoart yn De Haach. Dêr wurdt it foar de provinsje, mar ek foar de oare legere oerheden net makliker op. Tink ek oan it saneamde ravijnjier foar de Fryske gemeenten.


De karren dy’t makke wurde op it taalbelied
It spyt de FNP Steatefraksje tige dat de ûnderbouwing fan de karren net dúdlik út de taalnota en de byhearrende stikken nei foaren komt. De yndruk ûntstiet dat no’t it ryk ekstra ynvestearret yn it Frysk, de provinsje ynienen minder docht. Ek kin it byld ûntstean dat de streektalen der net echt ta dogge. Dat is net terjochte.

Der leit in prachtige taalnota, dy’t foar in grut part yn deselde perioade ûntstien is as de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK), de periodike oerienkomst wêryn’t ryksoerheid en provinsje oanjouwe hoe’t se harren ferantwurdlikens foar it Frysk wier meitsje. Dat de ryksoerheid no foar it earst min of mear evenredich meibetellet oan it Frysk, is te tanken oan it mei-inoar oplûken fan de provinsje, ús Fryske keamerleden en ús mienskip. De ambysjes fan de provinsje op it mêd fan it taalbelied meie der wêze.

De taalnota set yn op taaloerdracht, der wurde jierliks miljoenen ynvestearre yn Taalplan Frysk om de Fryske taal in struktureel en yntegraal ûnderdiel te meitsjen fan it ûnderwiis yn Fryslân op alle nivo’s. Der wurdt ynset op it oplieden fan learkrêften en it meitsjen fan lesmateriaal. Der wurdt wurk makke fan it oplieden fan Fryske sjoernalisten, der wurdt jild útlutsen foar literatuer, teäter en Frysktalige media.

Omdat in libbene taal sichtber wêze moat wurde dêr middelen foar frijmakke en gemeenten kinne oanspraak meitsje op jilden foar in meartalichheidskoördinator. En der komme regelingen dy’t foar it grutste part ek beskikber binne foar it Biltsk, Stellingwerfsk en tal fan streektalen en dialekten, lykas de ferskate farianten fan it Stedsfrysk, de talen fan ús eilannen en it Súd-Lauwerlânsk. Dêr wurdt ús fraksje bliid fan.

Wêr’t ús fraksje folle minder bliid fan wurden is, is de gebrekkige kommunikaasje. It hurde boadskip dat guon organisaasjes yn de takomst gjin of minder strukturele subsydzje krije sille, is fierstente let meidield. Nei de jubelstimming oer de BFTK wie dat in grutte domper. Hie it kolleezje folle earder oankundige dat it sykje moast nei romte, dan hie it fjild meitinke kind. It steatsje mei de strukturele budzjetten jout fierder te min ûnderbouwing foar de karren; it liket te bot in kâlde syktocht sûnder efterlizzende fyzje.


De ôfwagingen fan de FNP Steatefraksje
De diskusje giet no hiel bot oer de 800.000 euro oan besunigings op de strukturele posten. Wy krije fan ferskillende kanten de oprop om dy werom te draaien. As wy dat dogge, dan brekke wy mei ús akkoart mei BBB, CDA en ChristenUnie en binne wy net konsekwint. Dan hannelje wy by in punt wat foar ús hiel wichtich is, oars as by de winsken fan de opposysje earder dit jier. De FNP Steatefraksje is fan miening dat wy dat net dwaan kinne. Wy moatte no de pine nimme, ek al omdat wy tinke dat de karren akseptabel binne. Nochris: it is der net minder fan wurden dat nei’t de PvdA ferline jier út de ûnderhannelingen stapte, de FNP syn ferantwurdlikens naam hat. De ynvestearringen op taal, kultuer en leefberens seagen der doe folle beroerder út.

Wy gean hjirûnder yn op in oantal dêr’t de strukturele subsydzje fan ophâldt of minder wurdt.

Fryske Akademy – Mercator kennissintrum foar meartaligens: de strukturele subsydzje wurdt omset yn in langjierrige ynsidintele subsydzje. Mercator wurdt by namme neamd yn de BFTK en it leit yn de ferwachting dat Mercator ek nei 2027 op stipe rekkenje mei, omdat it in wichtige rol spilet foar it ûndersyk en de ynternasjonale kontakten. De Steatefraksje rekkent derop dat der in mearjierrige subsydzjebeskikking komt, sadat Mercator wit wêr’t it oan ta is.

Stellingwerfsk: de Stellingwarver Schrieversronte ferliest de helte fan syn provinsjale budzjet, mar kin wol oanspraak meitsjen bliuwe op jild foar projekten op it mêd fan it stypjen fan it Stellingwerfsk, sa’t dy der no ek al binne. De FNP Steatefraksje provinsje en gemeenten steane mei-inoar oan de latte foar in goed taalbelied en sil oare wike mei in inisjatyf komme om oandacht te jaan oan de spesifike situaasje fan it Stellingwerfsk en de Stellingwerven. Op basis fan it konvenant Nedersaksysk (tusken de ryksoerheid, fiif provinsjes en de gemeenten East- en Weststellingwerf) en mei de ynset fan in meartalichheidskoördinator moat it dochs mooglik wêze om yn de Stellingwerven dat te dwaan wat yn Waadhoeke en Noardeast-Fryslân ek slagget: ynspylje op de meartalige situaasje.

Fryske taalorganisaasjes: it giet om lytse strukturele subsydzjes oan frijwilligersorganisaasjes mei meastal in lange histoarje, wichtige taken en in spesifyk ynternasjonaal netwurk dat wichtich is foar Fryslân. De fraach mei wol steld wurde oft de aktiviteiten fan de Ried fan de Fryske Beweging en de Fryske Rie fia strukturele boekjiersubsydzjes finansiere wurde moatte, oft dat it ek oars kin. Fansels wie it ûnhandich fan it kolleezje om sûnder oerlis oan te kundigjen dat se mar gearwurkje moatte binnen de netwurkorganisaasje EBLT, dat dêr dan ekstra middelen foar krije sil. De Steatefraksje komt ek hjirfoar mei in inisjatyf om mei de organisaasjes yn petear te gean. De wizigings geane yn 2026 yn, dus der is noch efkes tiid.

Taalkado: dit is it kado dat âlders fan poppen by de berte krije. Op it stuit rint dat noch gewoan troch op it budzjet dat oerbliuwt, mar der wurdt sjoen nei effektivere manieren om te stimulearjen dat âlders it Frysk brûke.

Digitale hulpmiddelen Frysk: oant no ta stie der op de begrutting in struktureel bedrach fan in lytse 160.000 euro per jier, mar dat bedrach is te leech om serieuze nije hulpmiddelen te ûntwikkeljen. It liket dan ek wiis om it strukturele bedrach nei ûnder te bringen (mei hast 58.700 euro) en te sjen oft it bedrach dat oerbliuwt brûkt wurde kin foar mienskiplike projekten mei oare partners.


Ofsluting
De FNP nimt sûnt 2011 ferantwurdlikheid foar it provinsjaal bestjoer. Yn it begjin hie de provinsje mei de NUON-jilden romme reserves om Fryslân te fersterkjen. Wy binne der grutsk op dat wy dy ynvestearringen dien hawwe, want Fryslân is dêr better fan wurden. Mar yntusken binne de tiden oars en moatte wy suniger mei ús jild omgean. Dêrom hat it provinsjebestjoer twa jier lyn kritysk nei de sifers sjoen.

It is no feitlik foar it earst dat de provinsje Fryslân echt besunigje moat. Dat is ek ferantwurdlikheid nimme en bestjoere. Dochs binne wy fan miening dat wy binnen de nije finansjele situaasje noch hiele moaie dingen foar Fryslân út de wei sette. Njonken de taalnota en de kultuernota dy’t kommende wike oan de oarder komme, hawwe wy yn jannewaris it nije Iepen Mienskipsfûns fêststeld. Dêrmei en mei de ynvestearringen yn Doarpswurk en de saneamde Doarpsûntwikkelingsmaatskippijen (DOMs) giet der 20 miljoen euro nei de leefberens yn Fryslân.


Bestjoere is net altyd ienfâldich.

FNP Steatefraksje

Gerben van der Mei
Sita Land-Dotinga
Dinie Visser
Tjitte Hemstra
Thom Feddema



Tags: