Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP docht mei oan aksje tsjin gaswinning lytse fjilden

De FNP sil nije wike tongersdei 13 desimber yn de stêd Grins meidwaan oan it protest tsjin de gaswinning yn lytse fjilden. It protest fynt plak tusken 12.00 en 14.00 oere op it Guyotplein, foar de rjochtbank fan Grins.

Gaswinning

In delegaasje fan de FNP is oanwêzich om stipe te jaan oan bewenners en aksjegroepen dy't opkomme tsjin de negative gefolgen fan it winnen fan gas yn de ûndergrûn, lykas boaiemdelgong.

  

Direkte oanlieding foar it protest is in rjochtssaak tusken de gemeente Opsterlân en it bedriuw Vermilion, earder dy deis. De rjochtssaak giet oer in proefboarring nei gas by Nij Beets.. Der is grut maatskiplik ferset tsjin dy boarring, ûnder oare fan aksjegroep ‘Tsjingas'.

 

De FNP stipet Tsjingas en de ynwenners fan Opsterlân yn harren striid. Neffens de FNP moat der net mear, mar krekt minder gas wûn wurde. Op termyn moatte én kinne wy sûnder gaswinning yn Fryslân. Dêr binne ek foldwaande alternativen foar, sa hat de TU Twente foar de FNP berekkene yn in wittenskiplik ûndersyk. Lykas sinne-enerzjy, ierdwaarmte en wynmoles op de Noardsee.

 

It kin neffens de FNP net sa wêze dat mei de ôfbou fan gaswinning út it Grinzer fjild no mear wûn wurdt yn de lytse fjilden, lykas dy fan Nij Beets en oare plakken yn Fryslân. De partij sil dêrom oanwêzich wêze mei in spandoek: ‘De FNP lit Fryslân nea sakje'.



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)