Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Kampanjestart 2019 Boalsert

Wolkom op de kampanjestart fan de Steateferkiezings fan 20 maart 2019! Mei de jierlikse nijjiersgearsit pakke bestjoer, de ôfdieling Súdwest-Fryslân en in kampanjetiim út op sneon 5 jannewaris yn Boalsert.

FNP adfertinsje a5 lizzend

 

Wolkom op de kampanjestart fan de Steateferkiezings fan 20 maart 2019! Mei de jierlikse nijjiersgearsit pakke bestjoer, de ôfdieling Súdwest-Fryslân en in kampanjetiim út op sneon 5 jannewaris yn Boalsert. 

 

 

Der is in moarnsprogram mei workshops + in mooglikheid om op de foto te kommen. Middeis binne der de bekende ûnderdielen, mar ek ferrassings en taspraken fan de trije listlûkers. 
Bisto/ binne jo derby yn Boalsert?!  

 

Dizze dei

 


* wurkwinkels û.m. oer it wetterskip, de kampanje, in nij (?!) webstek, natoerynklusyf buorkjen, de súksessen út Noardeast-Fryslân, ....
* in mooglikheid om op 'e foto te kommen!
* byprate, moetsje, nijjierswinskje
* taspraken fan de listlûkers!

 

 

Lokaasje

 

De Groene WeideDe lokaasje leit tsjinoer it busstasjon fan Boalsert. Auto's kinne fergees parkeard wurde oan de Badwei (oan de oare kant fan de dyk). Better net op it terrein fan de supermerk Jumbo njonken it hotel, want dy wurdt oan ‘e ein fan de dei ôfsletten.

Adres
Snekerstraat 2, 
8701 XD Boalsert


Opjaan moarns 

 

Meidwaan oan it moarnsprogram mei wurkwinkels: fnphusfnp.frl

** fermeld dat wy in WOL as NET fotomomint foar dy/ foar jo ynplanne moatte! 

 

Opjaan iten middeis


Graach foar 30 desimber efkes opjaan as jo mei-ite wolle. De kosten binne € 16,- de persoan, kontant te beteljen by it ynrinnen. Opjefte foar it stampotbuffet kin by de skriuwer fan de ôfdieling, Anke Dykstra, e-post: anke.de.boerfnp.frl  of telefoanysk 0515-541997. Dieetwinsken kinne dan ek trochjûn wurde. 

FNP Fryslân kampanje
FNP Fryslân


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)