NIJS   14-09-2016


Gefolgen fan in flugge enerzjytransysje

Rekken hâlde mei wrâldwiid negative gefolgen en destabilisearjende effekten fan ús belied

Te gast Klaas Fokkinga 

 

Okkerdeis lies ik dat ynwenners fan Fenezuela yn buorlân Kolombia iten en drinken keapje moasten omdat it yn eigen lân hast net mear te krijen is. It is sels sa dat yn Fenezuela dieretúnbisten net mear wis binne fan harren libben; se wurde stikumwei slachte om it fleis mei te nimmen. Yn Saudi-Arabië wurde migranten by tûzenen op strjitte set. Se sitte fêst yn kampen, sûnder jild, sûnder papieren en sûnder iten. De reden fan de hurd tanimmende earmoed c.q. honger en de ûntslaggen hat te krijen mei de dramatysk daalde oaljepriis. 

 

Nei oanlieding fan de klimaatkonferinsje yn Paris is de Westerse wrâld - en dermei ek ús lân - dwaande mei in tige grutte enerzjytransysje. Troch oerheden en ferskate (miljeu) organisaasjes wurdt in takomst neijage wêryn gjin fossile brânstoffen mear brûkt wurde. Foar guon ynstânsjes leit it tempo net heech genôch en wurdt der dan ek druk útoefene om noch leaver juster dan hjoed b.g. koalesintrales ticht te dwaan, gjin oalje of gas mear op te pompen ensfh. Ek ús provinsje hat ambysjes op dit terrein en dizze wurde ynkoarten yn de Steaten bepraat.

 

Op himsels in prima saak fansels om noed te stean foar de (takomstige) leefberens op ierde. Suksessen binne der ek al as we sjogge nei it groeiende oantal foarmen fan duorsume enerzjywinning yn Europa en dêr bûten. 

 

Lykwols liket it der op dat mei bykommende neidielige gefolgen fan in flugge omskeakeling gjin rekken hâlden wurdt. In grut diel fan de ynstabile regio's yn de wrâld is folslein ôfhinklik fan oalje- en gasynkomsten. It Midden-Easten, Afrika en dielen fan Súd-Amerika steane ûnder grutte druk. In fersnelde enerzjytransysje sil in noch gruttere gaos feroarsaakje dan no al it gefal is. Gaos op de oandielebeurzen en belizzingsfûnsen mar ek direkt of yndirekt op it mêd fan leefberens en wolfeart yn in lannen sa as b.g. Fenezuela.

 

De mearderheid fan de enerzjy eksportearjende lannen is net by steat om op middellange termyn harren ekonomy oan te passen wylst dizze lannen no al te dwaan hawwe mei grutte wurkleazens, regionale ynstabliliteit en - it moat sein wurde- meastal ek in mismanagemint fan harren ekonomy. 

 

It rapport "Global Agenda on the Future of Oil and Gas " fan it World Economic Forum jout oan dat fersnelde iensidige transysje in fersterkte ynstabiliteit feroarsaakje sil mei mooglik militêre konfrontaasjes en noch gruttere flechtelingenstreamen as risseltaat. Koartom wy moatte wrâldwiid besjoen mear rekken hâlde mei de negative gefolgen en destabilisearjende effekten fan de enerzjytransysje. 

Fergriening fan ús ekonomy mei net ynhâlde dat oaren kopke ûnder gean. Enerzjytransysje op himsels is prima en moat ek barre mar it tempo weryn moat wol each hawwe foar de wrâldwide effekten. Wy c.q. "it Westen" sil yn regio's wêr nedich serieuze stipe biede moatte oan de ekonomyske transysje om sa nije ynstabiliteit en geweld foar te kommen.

 

 

 

Klaas Fokkinga

 

Lid fan de Provinsjale Steaten foar de FNP

 

Nes (D)

 

 

Dit artikel is earder ferskynd as Te Gast yn de LC fan 13 septimber 2016 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer