NIJS   13-04-2012


Wynmoleplannen net trochdrukke

E10 set Fryslân bûten spul fia politike flechtstrook

visser 1   

De nije stichting E10 besiket in tal âlde wynmoleplannen te bondeljen en troch dy gruttere skaal de provinsje te passearjen. Dat liket in tûke set, mar it doocht net, fynt de FNP. 

 

Jan Visser

FNP wurdfierder Romtlike Oardering

 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

 

De bou fan nije wynmoleparken op it lân ferrint dreech. Net ferrassend, yn Fryslân hâlde foar- en tsjinstanners elkoar al sa ‘n  tweintich jier yn ‘e besnijing. Mar nei de steateferkiezings hellen de trije koalysjepartijen definityf in dikke streek troch de sukkeljende plannen dêr't in soad ferset tsjin wie.  De inisjatyfnimmers wienen teloarsteld en leinen har der net by del. Alle âlde plannen waarden troch de nije stichting E10 byelkoar fage, de lânskiplike ûnderbouwing waard oprutsen en oppoetst mei superlative foardielen.  In duorsum strikje om dit pakketsje en dan gau fia de ‘politike flechtstrook' op nei Den Haach. Minister Maxime Verhagen soe mei it enerzjy-etiket ‘nasjonaal belang' ferlaat wurde kinne ta it oanwizen fan krekt dy âlde lokaasjes. De provinsje soe dan bûtenspul set wurde kinne.

 

Dat is eigenaardich, ûndernimmers dy ‘t maksimaal draachflak by boargers en provinsje altiten foaroan yn de mûle hienen, freegje it ryk no om Fryslân in tal wynmoleparken op te dringen. Op ‘t earste each in tûke set mar in bettere analyze lit sjen dat it útstel fan E10 om in trijetal redenen net doocht. 

 

Wat foaral opfalt is dat der gjin inkele technyske of funksjonele gearhing is tusken de fiif âlde wynmoleplannen hoewol ‘t E10 ús leauwe litte wol dat it yn alle opsichten mar ien projekt is. Dat is perfoarst net wier en dêrmei dogge de inisjatyfnimmers no krekt it tsjinoerstelde fan datjinge dat it Ryk graach wol: bondeljen fan inisjativen. De E10-groep bondelet projekten fan Boarnsterhim oant De Lauwersmar, mar dat kinne jo kwalik in ‘kluster' neame. Ek hat it ryk tinbefolke ‘perifere' gebieten as Noard-Fryslân oanwiisd foar grutskalige wynenerzjy, yn krimpregio‘s soe ommers minder wjerstân wêze. Troch hjirop yn te springen fersterket E10 ûnbewust it byld dat de hja profitearje wol fan de swakte fan krimpregio‘s.

 

Mar folle slimmer is noch dat mei it passearjen fan de provinsje it eigen provinsjaal bestjoer en har ynwenners diskwalifisearre wurde. Dat typearret de macht fan enerzjymaatskippijen, finansiers en agrariërs dy ‘t efter de kûlissen oan de toutsjes lûke. In minne saak want Fryslân hat in eigen foech en beoardielt sels gefolgen foar eigen ynwenners en lânskip. Krekt dêrom hat de provinsje fan it ryk in gruttere en foaral regissearjende rol krigen op ‘t mêd fan de romtlike oardening.

 

Mar de rol fan ‘t ryk is ditoangeande ek twiveleftich. De lûdsnoarmen foar wynparken op ‘t lân binne rommer makke en de Nasjonale Ombudsman hat fêststeld dat it ryk fierstente iensidich de foardielen fan wynenerzjy nei foaren brocht hat. Boppedat wurde lokaasjes dy't troch de provinsje oanwiisd binne, lykas de Ôfslútdyk, bûten de plannen hâlden.  It is krekt yn dat nasjonale belang dat it foech fan in regionale oerheid net oantaast wurdt. Bemuoienis fan ‘t ryk hjiryn is oerstallich en sil in tsjinoerstelde útwurking hawwe op it draachflak foar duorsume projekten yn ‘t algemien. Krekt dêrom soe E10 har strategy opnij yn berie nimme moatte, net trochdrukke dus.

 

Jan Visser

Steatelid FNP, wurdfierder op it mêd fan romte.

 

 

Dit artikel is ek publisearre as opinystik yn it Friesch Dagblad fan 13 april 2012



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer