NIJS   25-05-2012


FNP bliid mei skrassen spoarline Hearrenfean-Grins

Ynvestearje yn oare projekten smyt mear wurkgelegenheid op foar Fryslân

 Sybren 2011 lyts  

De FNP is bliid mei it skrassen fan it plan foar in spoarline Hearrenfean-Grins. It jild dat frijkomt is nedich om te ynvestearjen yn saken dy't echt ferskil meitsje foar Fryslân. De FNP hat altyd tsjin dizze spoarline west. In kompensaasje foar Drachten yn ekonomyske projekten smyt mear wurkgelegenheid op as in ekstra stik hurde ynfrastruktuer neist de besteande A7, tinkt de partij.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy en Finânsjes 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

 

 

FNP wurdfierder Sybren Posthumus stelt dat de FNP altyd tsjin de spoarline Hearrenfean-Grins west hat. It plan is gewoan te djoer en smyt yn ferhâlding suver gjin maatskiplik en ekonomysk rendemint op. De ferfierskundige wearde foar de reiziger is hiel lyts omdat der al in grutte autodyk en in flugge busferbining mei Grins binne. It giet ek ten koste fan de besteande spoar- en buslinen nei Grins dy't dan kannibalisearre wurde soenen. In spoarline soe foar de oerheid wol in jierliks miljoenetekoart yn de eksploitaasje opleverje. Hy wiist der op dat de eardere plannen om dêr in sweeftrein oan te lizzen om deselde reden - in tige ûngeunstige maatskiplike kosten-baten analyze - ôfsketten binne.

 

De FNP sjocht de needsaak om yn dizze ekonomysk swiere tiden it jild fan de spoarline frij te meitsjen foar ynvestearringen dy't foar Fryslân ál rendemint opsmite. Sa is it needsaaklik dat de plannen foar it Knooppunt Joure, de flessehals yn de A31 by Harns en de N359 op'e Lemmer wol trochgean. De FNP stiet der op dat de tasizzingen oan de streek yn syn hiele hear en fear neikommen wurde by dy projekten.

 

Foar Drachten fynt de FNP in sekere kompensaasje op syn plak. De partij tinkt dat ynvestearjen yn inkelde nije ekonomyske projekten mei it lokale bedriuwslibben mear wurkgelegenheid opsmyt as in ekstra stik hurde ynfrastruktuer neist de besteande A7.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer