NIJS   24-06-2012


Twifels oan arguminten Wetterskip by slûs Terherne

Feiligens Fryslân opoffere oan belangen Ryk as nije behearder PM-kanaal ?

visser 1   

De FNP set grutte fraachtekens by de arguminten, dy ‘t it Wetterskip brûkt by har beslút om de slûs yn Terherne net mear as wetterkearing te brûken. De Steatefraksje hat hjiroer skriftlike fragen steld oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

 

Jan Visser

FNP wurdfierder Wetter

 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

 

De útkomst fan it ûndersyk nei de slûs fan Terherne stie nei alle gedachten fan te foaren al fêst, sa stelt FNP wurdfierder Jan Visser. Net wetterfeiligens mar it belang fan de skipfeart hat dêryn de bepalende faktor west. De FNP wol witte oft it belang fan droege fuotten net te gau opoffere is oan it belang fan it Ryk om de slûs oan te passen. Dat freget de FNP yn skriftlike fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

 

De slûs by Terherne is ien fan de lêste knyppunten yn de farwei Lemmer-Delfsyl. It Ryk as nije eigener en behearder fan it hiele PM kanaal, hat der alle belang by dat de farwei foldocht oan de wetlike easken. Troch it beslút fan it Wetterskip hat it Ryk no de hannen frij om nei eigen ynsjoch de slûs oan te passen. De FNP tinkt dat de slûs dan wolris sloopt wurde kin. 

 

Neffens FNP wurdfierder Visser soe dat in grutte misrekken wêze: "In heal jier ferlyn moasten yn Dokkum de sânsekken hast noch foar de doar en no soe der ynienen gjin risiko mear wêze?De FNP wol dêrom fan DS witte oft de provinsje de feiligens fan Mid- en Noardeast Fryslân noch wol garandearje kin.

 

-------------------------------

 

It Kolleezje hat ûnderwilens de fragen beändere: lês hjir de antwurden



Downloads:
FNP skriftlike fragen slûs terherne


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer