NIJS   26-01-2017


FNP: dochs pontsje stikkene brêge Skûlenboarch

Skriftlike fragen Klaas Fokkinga

'Arguminten Rykswettersteat net sterk'

  

Der moat dochs in pontsje komme by Skûlenboarch no't de brêge dêr wer stikken fearn is. Dat fynt de Steatefraksje fan de FNP. De partij hat skriftlike fragen steld oan Deputearre Steaten om in oplossing te bepleitsjen by Rykswettersteat.

  

Wurdfierder Klaas Fokkinga fan de FNP fernuveret him oer de arguminten fan it Ryk om gjin tydlike maatregels te nimmen. Neffens him moat de oerlêst en eventuele ekonomyske ferfolchskea foar de lokale mienskip sintraal stean. ‘Dat der te min minsken gebrûk meitsje fan de ferbining en dat de kosten fan in tydlik pontsje dan fersekeringstechnysk net te ferheljen binne, fyn ik gjin sterke arguminten.'

 

De FNP wol witte oft de Provinsje op'e tiid op de hichte brocht is fan de stikkene brêge. Fokkinga freget fierder om in ynhâldlike reaksje op de arguminten fan Rykswettersteat. Binne der ek provinsjale belangen yn it spul? De FNP trunet der op oan dat de Provinsje, de gemeente en de lokale mienskip har meiinoar sterk meitsje by Rykswettersteat. 



Downloads:
FNP skriftlike fragen brêge skûlenboarch
Antwurd op FNP fragen brêge skûlenboarch


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer