NIJS   01-09-2012


Fragen FNP oer yntinsive feehâlderij yn Fryslân

Earst mear witte fan de sûnensrisiko's

visser 1   

De Steatefraksje fan de FNP wol fan it Kolleezje fan DS witte oft plannen foar grutte hinne- en bargestâlen yn Fryslân foarearst yn de wacht set wurde. Oanlieding is de moasje-Van Veldhoven (D66), dy't okkerdeis troch de Twadde Keamer oannommen is. De Keamer wol earst mear witte fan de sûnensrisiko's foar omwenners fan grutte stâlen.

 

Jan Visser

FNP wurdfierder Romtlike Oardering

 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

 

Der wurdt altyd sein dat it yn Fryslân by grutte stâlen allinnich om melkfeehâlderij giet. De FNP hat lykwols begrepen dat der yn Fryslân ek wol in pear oanfragen rinne foar grutte hinne-, kealle- en bargemesterijen, lykas yn Achtkarspelen en Skarsterlân.

 

In rapport fan de Gezondheidsraad sil letter dit jier mear ynsjoch jaan moatte yn de risiko's foar de folkssûnens fan sokke grutte konsintraasjes fan bisten. FNP wurdfierder Jan Visser freget it Fryske Kolleezje no oft se in fersyk krigen hawwe fan it regear om foarearst gjin tige grutte stâlen mear ta te stean. Hy wol witte wat de reaksje fan de Provinsje op sa'n fersyk is, en wat de gefolgen binne foar rinnende oanfragen.

 



Downloads:
Motie van-veldhoven
FNP skriftlike fragen yntinsive feehâlderij
Antwurd op FNP fragen yntinsive feehâlderij


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer