NIJS   21-09-2012


FNP nijs út de Steaten fan 19 septimber

Súkses FNP mei ekonomy en ekstra treinen, krityk op Sionsberg en ûnteigening Sintrale As

Sybren 2011 lyts     

Grutste wurklistpunt wie de nije Nota Ekonomy fan de Provinsje. Wurdfierder Sybren Posthumus hat yn it debat in tal wichtige moasjes binnen helle. Dêrmei stjoere wy it belied mear de kant út dy't de FNP graach sjocht: mear regionaal foech en middels.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy, Rekreaasje en Toerisme

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

 

Oppepper ekonomy troch desintralisaasje

De FNP kaam mei in moasje foar it stimulearjen fan de regionale ekonomy. Mei mear eigen foech en jild kin de Provinsje syn kearntaak op it ekonomysk mêd better útfiere. Dat moat banen foar Fryslân opsmite. No is it belied wol hiel bot rjochte op it meibeteljen oan de topsektoaren dy't it Haachske kabinet oanwiist. Deputearre Konst hat dizze moasje oernommen.

 

Fierder hie de FNP in moasje om wurkgelegenheid foar jonge minsken yn Fryslân te befoarderjen. Dizze moasje is ek oernommen. In oare moasje om de kreative yndustry yn Fryslân, û.o. it saneamde E-gaming aktiver te stimulearjen waard lyksa oernommen. It Kolleezje sil der mei oan de slach. Tegearre mei it CDA hawwe wy ek in wurkbyienkomst los krigen om de pluspunten fan de Fryske taal foar it Fryske MKB breder foar it fuotljocht te bringen.

 

 

Sionsberg: in minne smaak

Fierder it debat oer de Sionsberg. De FNP hâldt in minne smaak oer oan it sluten fan de ôfdieling Bertesoarch yn Dokkum. Of, sa't Douwe Hoogland fan koalysjepartner PvdA it fielen fan de Steaten ferwurde: ‘wij fiele ús besoademitere troch de soarchfersekerder en de Ynspeksje.'

 

Ut it ûndersyk yn opdracht fan de gemeenteried fan Dongeradiel docht bliken dat net de kwaliteit fan de soarch mar it jild bepalend wie. Sa is de befolking en de polityk in rêd foar eagen draaid. It wachtsjen is no op in antwurd op keamerfragen en in debat yn de Twadde Keamer. De FNP Steatefraksje hat ûnderwilens ek oerlis hân mei ús Senator Kees de Lange oer mooglike stipe út de Earste Keamer wei.

 

 

Ekstra treinen neffens FNP program

FNP deputearre Johannes Kramer hat in oerienkomst sluten mei de NS om mei yngong fan kommend jier in tredde trein - en letter ek noch in fjirde - ride te litten tusken Ljouwert en Swolle. Sa moat  de Fryske reiziger alle oeren aardich faker ynstappe kinne.

 

Fraksjewurdfierder Anna Martha van der Mei is bliid mei de maatregels. It FNP programma set yn op optimalisearring fan de besteande treinferbiningen fan en nei Ljouwert. De ekstra trein nei Swolle bringt dit doel tichterby. Soks neist de ekstra treinen nei Snits en de fierdere ferdûbeling fan it spoar nei Grins.

 

 

Sintrale As: FNP kritysk oer ûnteigening

Yn it debat oer de mislearre ûnteigeningen hat de FNP syn teloarstelling útsprutsen oer de minne wize wêrop't de grûneigners troch de Provinsje behannele binne. De FNP hie yn in earder debat mei de foarige deputearre Adema (CU) noch de fersekering krigen dat de minsken netsjes behannele wurde soene, en dat der gjin ûnomkearbere stappen set wurde soene.

 

De  FNP is net bliid  mei de wize fan kommunisearjen en ûnderhanneljen mei de boarger, sa stelde wurdfierder Anna Martha van der Mei.. De ekskuzes fan deputearre Poepjes (CDA), dy't sei dat se net witte soe wat se oars sizze moast as ‘sorry' binne dan ek op syn plak. De FNP wol al dat dy ekskuzes mei faasje (persoanlik) oerbrocht wurde oan de belutsen minsken. Dat is it wichtichste no. GrienLinks en de VVD kamen mei In moasje fan ôfkarring dy't ek krityk hie op it grûnbelied yn mear algemiene sin. Dizze moasje koe de FNP dêrom net stypje; it gong fier bûten it ûnderwerp dêr't it hjir om giet.

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer