NIJS   11-10-2012


Literêre prizen foar Fryslân behâlde

Stimulearjen debuten en oersettingen hat maatskiplike wearde

Annigje Toering 2012 05   

 

De Steatefraksje fan de FNP wol dat de provinsjale prizen foar literêre debuten en oersettingen yn it Frysk bestean bliuwe.

  

Annigje Toering, FNP wurdfierder Taal, Kultuer en Underwiis

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

  

De arguminten om de Fedde Schurerpriis en de Obe Postmapriis te skrassen lykje de Steatefraksje net sterk. Om de sinten hoecht it net oer te gean, want it Kolleezje wol de Gysbert Japickxpriis al ferheegje nei € 10.000. De nije beliedsnota wol krekt folle mear ynvestearje yn de Fryske taal en kultuer, hat it oer aktiviteiten ‘foar elkenien', oer ‘de mienskip' as útgongspunt en oer it lizzen fan kultuerele ferbiningen mei it bûtenlân.

 

Stimulearjen fan debuten as ûnderdiel fan de Fryske kreative sektor en fan oersettingen liket de FNP hjir krekt de bedoeling. Dan past it net om in relatyf lyts bedrach te besparjen ten koste fan in soad kommoasje yn de mienskip fan Fryske skriuwers en lêzers.

 

De deputearre wol skrasse yn it grutte tal ‘lytse' beliedsnota's, feroarderingen en regelingen dy't der no foar it Frysk binne. Ek hat der yn it ferline ‘gedoch' west om de sjuery's fan de provinsjale prizen hinne. Dat kin de FNP allegear wol begripe, mar soks is benammen in ynterne saak op it Provinsjehûs. It mei net ten koste gean fan de maatskiplike wearde en funksje fan de literêre prizen.

 

Oarsom, sa stelt de Steatefraksje, hat de stimulearing fan de Fryske literatuer troch jongerein, troch de nije media, en de ferbining mei bûtenlânske literatuer troch Fryske oersettingen wol in grutte maatskiplike wearde. Krekt yn it nije provinsjale belied, dat praat fan meartaligens, it iepen setten fan de kulturele lûken fan Fryslân nei de rest fan de wrâld. De FNP wol dizze iepenheid en fernijing krekt stimulearje.  

 

De FNP wurdearret ek it sizzen fan de Fryske skriuwers dy't stelle dat sy iepen steane foar fernijing en graach meiprate wolle oer de takomst fan it literêre bedriuw yn Fryslân. Toering: ‘Wy begripe dus earlik sein net goed wêrom dit útstel no krekt dien wurdt. It liket yn striid mei de geast  fan de nije beliedsnota ‘de lûken iepen'. As it skrassen yn provinsjale regelingen ten koste giet fan it maatskiplik doel, dan binne wy dêr net foar.'



Downloads:
Konsept beliedsnota ktu


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer