NIJS   01-11-2012


De FNP yn de Steaten fan oktober

Brêgen, skjinne enerzjy, in nije plattelânsnota en it grûnbelied

 Annigje Toering 2012 05  

Yn it debat oer it grûnbelied kaam in soad âld sear tusken in part fan de opposysje en de koalysje nei boppen. Wat begûn wie as in diskusje oer in frij technysk ûnderwerp krige sa in hiele oare politike lading. It gie net mear om de krityk yn it rapport fan de Noardlike Rekkenkeamer mar om de wize wêrop it Kolleezje mei de Steaten omgiet en de ûnderlinge ferhâldings binnen de Steaten.

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

Brêgen en slûzen

De brêgen by Warten krije betsjinning op ôfstân. De FNP is bliid mei de besparring dy't dit opleveret, mar mear noch mei de bettere service foar de wettertoerist op de steande mêst rûtes troch Boarnsterhim.

De FNP hat wol krityske fragen steld oer in djoer ûndersyk foar dit projekt. Yn it debat blykte dat dit wol deeglik binnen de eigen amtlike tsjinst kin. Foar de ôfstânsbetsjinning wurde glêsfezelkabels oanlein; in ynvestearring dy't de FNP fan aktyf stipet en dy't aanst ek yn oare gebieten fan Fryslân lykas de Súdwesthoeke fertuten dwaan sil.

 

 

Skjinne enerzjy foar Fryslân 

De FNP hat fan herte ynstimd mei de foarming fan it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy. Dêr moat aanst 50 oant 100 miljoen yn omgean út it Fryske NUON-kaptaal. Projekten moatte innovatyf wêze en nog net ekonomsyk rendabel yn de frije merk. It is in wichtich punt binnen it provinsjale koalysje-akkoart. Wy wolle dat der faasje makke wurdt en dat it ek lokaal wurkgelegenheid foar Fryske bedriuwen opsmyt. De FNP sil der skerp op wêze dat it Fûns net (mis)brûkt wurdt om grutte wynmûneparken mei te finansieren.

 

 

Nij Plattelânsbelied

FNP deputearre Johannes Kramer krige unanime stipe yn de Steaten foar syn nije Beliedsnota Plattelân 2012-2017. De âlde Plattelânsprojekten hâlde op, mar wy wolle al graach dat de krêft, de sterke belutsenheid ‘fan ûnderen op' bestean bliuwt. Oare biedwurden binne ‘meiinoar', ‘berikbere foarsjennings' en ‘noflik wenjen'. De FNP hat ynstimd mei in amendemint fan PvdA en Grienlinks, om de metodyk fan de streekaginda's te brûken by de útfiering. Hjirby wurde lokale fraachstikken mei gemeenten en lokale organisaasjes per regio oppakt yn stee fan út it provinsjehûs wei.

 

 

Grûnbelied

Yn it debat oer it grûnbelied kaam in soad âld sear tusken in part fan de opposysje en de koalysje nei boppen. Wat begûn wie as in diskusje oer in frij technysk ûnderwerp krige sa in hiele oare politike lading. It gie net mear om de krityk yn it rapport fan de Noardlike Rekkenkeamer mar om de wize wêrop it Kolleezje mei de Steaten omgiet en de ûnderlinge ferhâldings binnen de Steaten.

 

De portefúljehâlder, ús deputearre Johannes Kramer hat him goed ward yn dit swiere debat en krige dêr ek kompliminten foar fan freon en fijân. Hy erkende him de fouten út it ferline slim oan te lûken en liet tagelyk sjen dat hy yngripende ferbetteringen yn de provinsjale organisaasje trochfiert. Lykwols doe't it debat him ferbrede en de spanning mei ferskate skorsingen oprûn wie, krige it hiele Kolleezje in moasje fan wantrouwen oan de broek fan (hast) de hiele opposysje. Omdat it Kolleezje as ien man efter Johannes stie en de koalysje de rêch ek rjocht hâlde, rûn it mei in sisser ôf. Wol hat elkenien in rare neismaak fan dit debat, en it dossier is dan ek noch net sluten.

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer