NIJS   15-12-2012


FNP komt yn aksje foar Omrop Fryslân - petysje no online

"Haachske partijen behertigje Fryske belangen net goed"

 Annigje Toering 2012 05  

De FNP komt yn aksje foar it behâld fan Omrop Fryslân as folweardige selsstannige Frysktalige stjoerder. Omrop-direkteur Jan Koster krige sneontemoarn as hert ûnder de riem fan fraksjefoarsitter Annigje Toering 50 stikjes oranjekoeke foar it personiel. Live yn it radioprogramma fan Douwe Heeringa oerlange se in dokumint mei 50 redenenen wêrom't  de Omrop net sa mar ferdwine kin.

 

DE PETYSJE IS NO ONLINE: TEKENJE OP www.romtefoaromropfryslan.nl

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

No't lanlike partijen de Omrop falle litte en Fryslân as ien bestjoerlike ienheid ferkwânselje wolle, wurdt de druk op de FNP hieltyd grutter om mei te dwaan oan de Twadde Keamerferkiezings.

 

De FNP giet it yn it foarste plak om it behâld fan in eigen selsstannige stjoerder foar de Omrop. It is ek ien fan de wichtichste dragers foar de fierdere ûntwikkeling fan de Fryske taal en kultuer. Toering wiist der op dat it regear yn striid liket te hanneljen mei ferplichtingen dy't de Nederlânske steat oangien is yn it Europeesk Hânfêst foar Lytse Talen. In aparte Frysktalige radio- en TV stjoerder is dêr ûnderdiel fan. Ek de posysje fan de Friezen as erkende nasjonale minderheid kin yn stelling brocht wurde. De FNP lit de mooglikheden ûndersykje om de besluten fan it regear bestjoersrjochtlik en by it Europeesk Hôf oan te fjochtsjen.

 

De partij wol dat de Omrop ek in strukturele sûne finansjele basis krijt. Neffens Toering binne wy no oerlevere oan de Haachske politike waan fan de dei. Dat makket de Omrop hiel kwetsber. ‘Se sjogge net hoe wichtich oft de Omrop foar Fryslân is. De besunigingen fan it kabinet geane foar alles. Se lûke har ek neat oan fan de bestjoersôfspraken fan de eardere minister Donner mei de provinsjes, dat de Omrop as Frystalige stjoerder in eigenstannich plak hâlde soe.  Mar dit is net sa mar in regionale stjoerder. De Kommisje-Hoekstra is noch dwaande mei in advys oan de minister om alles mei de Omrop struktureel better te regeljen. Dêr fytse de Haachske partijen no dwers troch hinne.'

 

No't de lanlike polityk de besuniging op de regionale omroppen en de plannen foar in nij mediabestel trochset, wurdt de druk op de FNP hieltyd grutter om har te berieden op meidwaan oan de Twadde Keamerferkiezings. Leden en kiezers keppelje dat ek oan de kabinetsplannen om Fryslân opgean te litten yn in Noardlik Lânsdiel. Annigje Toering: ‘It wurdt op ‘e nij dúdlik dat de Fryske belangen by de lanlike partijen net yn fertroude hannen binne'.



FNP komt yn aksje foar Omrop Fryslân - petysje no online



Downloads:
50 redenen wêrom omrop fryslân bliuwe moat


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer