NIJS   17-12-2012


Auke Bijlsma op 'e nij Steatelid foar FNP

Liskje Flapper earste opfolger

Auke 2011 lyts     

Auke Bijlsma fan Terherne is mei yngong fan 23 jannewaris Steatelid foar de FNP.

Hy folget Anna Martha van der Mei op dy't de Steaten om persoanlike redenen ferlit.

 

Auke Bijlsma, per 23 jannewaris Steatelid

Reaksje? Mail: a.bijlsmafryslan.nl

 

 

 

Auke Bijlsma (60) nimt in soad politike en bestjoerlike ûnderfining mei. Sa wie hy earder wethâlder fan de gemeente Boarnsterhim en riedslid. Sûnt 2003 is hy earste opfolger / kommisjelid Boarger en Mienskip foar de FNP Steatefraksje. Tusken 2006 en 2011 wie hy ek al in pear kear in skoft Steatelid. Hy sil de ûnderwerpen Ferkear & Ferfier, Miljeu, Lanlik Gebiet en Lânbou & Natuer (Kommisje Lân Loft en Wetter) behertigje.

 

As earste opfolger fan de FNP skoot Liskje Flapper (55) fan Burchwert oan. Hja sil de fraksje fersterkje as kommisjelid Lân Loft en Wetter. Flapper is dosint oan de NHL. Se wie earder riedslid en kommisjelid foar de FNP yn Wûnseradiel en aktyf yn bestjoerlike rûnten fan de partij en de mienskip yn Súdwest-Fryslân.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer