NIJS   04-03-2013


FNP: Leeuwarden / Ljouwert area op LinkedIn

Eigen geografyske oantsjutting op sosjale netwurksite wichtich foar ús regio

 Annigje Toering 2012 05  

 

Der moat op de profesjonele sosjale netwurksite LinkedIn in geografyske oantsjutting foar de Leeuwarden/Ljouwert area komme. In eigen (twatalige) fermelding is fan belang foar saken lykas de Kulturele Haadstêd, de kulturele (meartalige) identiteit fan de regio, toerisme, de arbeidsmerk, eksport en de posysje fan de Fryske haadstêd. Dat stelt de FNP yn fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Algemien Bestjoerlike saken en Feiligens

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

No komt der by it wenplak fan Fryske dielnimmers oan LinkedIn automatysk te stean ‘Groningen area' of ‘Almere area'. FNP wurdfierder Annigje Toering wiist der op dat Brugge, in stêd dy't yn Europa te fergelykjen is mei Ljouwert, wol in aparte fermelding krijt foar ynwenners fan de provinsje der om hinne. Toering wol no witte wat de kritearia fan it  Amerikaanske bedriuw binne foar de geografyske oantsjuttings.

 

De FNP is fan betinken dat foar sa'n wichtige netwurkside in eigen fermelding foar Ljouwert nedich is. Mei de oantsjutting ‘Leeuwarden/Ljouwert area'  kin bygelyks de (kandidaat) Kulturele Haadstêd yn Europa foar alle profesjonals op LinkedIn sichtber makke wurde. De partij freget it Kolleezje om oan de slach te gean foar sa'n eigen fermelding foar Ljouwert.

 

De Provinsje is op dit stuit al dwaande mei de realisaasje fan it Fryske ynternetdomein *.frl; de FNP wiist der op dat de arguminten hjirfoar fierhinne deselde wienen as no by LinkedIn.



Downloads:
FNP skriftlike fragen linkedin en profilearing fryslân
Antwurdbrief op FNP fragen linkedin


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer