NIJS   08-05-2013


FNP: oplossing sykje foar farwei nei Akkrum en It Hearrenfean

Balâns tusken rekreaasje en grutte skippen beropsfeart

Auke 2011 lyts   

De Steatefraksje fan de FNP wol dat der in oplossing komt foar de farwei nei Akkrum en It Hearrenfean. Beropsfeart en rekreaasje sitte elkoar dêr hieltyd mear yn'e wei. It giet yn 2012 om likernôch 1500 farbewegings mei saneamde klasse Va-skippen fan 85-110 m lang en maksimaal 11,5 m breed. Dat smyt gefaarlike sitewaasjes en problemen mei bagger en beskoeiings op. De FNP stelt fragen oan deputearre Poepjes oer de kwestje.

 

Auke Bijlsma, FNP wurdfierder Ferkear en Ferfier 

Reaksje? Mail: a.bijlsmafryslan.nl

 

 

 

De FNP freget it Kolleezje oft it grutte tal farbewegings mei klasse V skippen noch wol strykt mei it belied om ynsidinteel ûntheffing te jaan. Wurdfierder Auke Bijlsma wol fierder witte oft maatregels nommen wurde om de grutte skippen te fasilitearjen. De fraach is oft soks wol past  binnen in besteande belied. Neffens him is der earder sprake fan strukturele maatregels. Sa soe de brêge yn de Sânsleat by Terherne oanpast wurde moatte en soe der sels in plan wêze om in rekreaasje-eilantsje yn it Natura-2000 gebiet wei te baggerjen.

 

Bijlsma wol dat der in oplossing komt dy't in goede balâns jout tusken rekreatyf gebrûk en beropsfeart. ‘It moat net gean om lapmiddels of ôfwikingen fan it besteande belied dy't slûpendeweis realisearre wurde. Gefaarlike sitewaasjes, skea oan beskoeiings en oerlêst fan loswuolle bagger dat delslacht yn de ferskate havens moat in ein oan komme.' De FNP wurdfierder wol witte oft it Kolleezje faaks fan doel is om maatregels dy't ôfwike fan it besteande belied oan de Steaten foar te lizzen.



Downloads:
FNP skriftlike fragen farwei akkrum-it Hearrenfean
Antwurdbrief FNP fragen farwei akkrum-it Hearrenfean


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer