NIJS   25-06-2013


Prate mei ynwenners Aldeboarn

FNP Wurkbesite 28 juny 2013

 Sybren 2011 lyts  

Op 28 juny oankommend sille FNP'ers yn petear mei de ynwenners fan Aldeboarn. De FNP wol graach witte wat der libbet en spilet en giet dêrom geregeld nei de minsken ta. Oan de hân fan in oantal fragen wurdt yn kaart brocht hoe't de Boarnsters tinke oer bepaalde ûnderwerpen. Nei de simmerfakânsje wurde de resultaten oanbean oan it bestjoer fan Pleatslik Belang Aldeboarn. Ek de gemeentebestjoeren fan Boarnsterhim en It Hearrenfean wurde op ‘e hichte brocht.  

 

Sybren Posthumus, FNP kontaktpersoan Plattelânsprojekten Midden Fryslân

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

De fragen fan de FNP gean oer it wenjen, oer de foarsjennings yn it doarp, oer saken dy't better kinne en oer wat de nije gemeente foar de Boarnsters as earste oppakke moat nei de weryndieling. De wurkwize fan de FNP is ‘fan ûnderen op'. Polityk moat oanslute by wat der spilet ûnder de minsken en net top-down út it gemeentehûs wei. De fraksjes fan de FNP yn Boarnsterhim en Hearrenfean sille de resultaten dan ek brûke foar de aktuele beslútfoarming yn de gemeenterieden. Bysûnder omtinken is der foar de fraach wat de ynwenners fine fan de aktuele besunigingsplannen fan de gemeente It Hearrenfean, wêrby't de doarpen yn dy gemeente it behoarlik belije moatte.

 

Op freed 28 juny om 13.30 oere sammelje de FNP'ers yn kafee ‘Moeke de Bruin' (Waechstege 4 te Aldeboarn). Doel is by de measte huzen lâns te gean. Minsken dy't net thús binne krije de fragelist yn de bus.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer