De FNP wol fan deputearre Kramer witte oft de frijwillige ruil yn it gebiet net yn de knipe komt as de perselen fan saneamde BBL-grûn ferkocht wurde oan tredden. Neffens Veenstra soe dat spitich wêze om't de Provinsje syn ‘smarmiddel' by de realisaasje fan nije natuer yn it gebiet dan kwyt rekket. It giet no krekt yn dit gebiet om in behoarlik grut tal perselen dy't no noch te keap oanbean wurde.
De FNP wurdfierder freget wat it betsjut foar de plenning en de doelstelling kwa hektares as de perselen troch it Ryk oan willekeurige bieders ferkocht wurde soe. Hy wiist der op dat it werynrjochtingsgebiet by ien fan de trije ‘prioritêre' provinsjale gebieten heart, neist de Lendevallei en it Keningsdjip. ‘De Provinsje soe syn kâns no net slûpe litte moatte.'