Oanlieding foar de fragen fan de FNP is in útstjoering fan BNNVARA op de nasjonale TV-stjoerder NPO1, wêryn mei in iroanyske knypeach dochs in slim negatyf byld fan it stedsstrân delset wurdt.
Wetterkwaliteit
Wurdfierder Sybren Posthumus wol fan it Kolleezje witte hoe't it no stiet mei de wetterkwaliteit fan de Potmarge, dêr't it stedsstrantsje oan leit. Dat fanwege de melding yn it TV programma fan in wurdfierder fan it Wetterskip, dat it swimmen op dizze lokaasje ûntrieden wurdt. Dat om't der in rioeloerstoart neist leit. Gemeente, Provinsje en Wetterskip hawwe yn it ferline krekt miljoenen ynvestearre yn de wetterkwaliteit fan de Potmarge yn it projekt ‘De Blauwe Diamant'. Posthumus wol no witte oft dat allegear foar neat west hat.
Provinsjale subsydzje
De FNP wol ek witte oft it wier is dat der amper besikers komme nei it stedsstrân. ‘Hoe bepale jo it sukses fan in provinsjale subsydzje fan € 65.000? ‘ sa freget de wurdfierder him ôf. ‘Dan hawwe wy it noch net iens oer it jild (€ 35.000) dat de gemeente der ek noch yn stutsen hat. En is it wier dat in fergelykber strantsje yn de stêd Grins mar € 10.000 koste hawwe soe? Sa ja, dan lykje ús de kosten by de Potmarge tige heech yn fergeliking mei wat it opsmyt.'