NIJS   26-11-2012


Feestlike sfear op drokke Ledegearkomste FNP

Resolúsje Fryslân bestjoerlike ienheid nei Den Haag

Nynke Beetstra   

Bêste minsken, 

 

De stimming wie poerbêst by de Ledegearkomste yn it Abe Lenstrastadion. Der wie in grutte opkomst en in soad belangstelling foar de rûnlieding troch it stadion. Germ Gerbrandy kaam hannen te koart om alle lokwinsken yn ûntfangst te nimmen as nije FNP-boargemaster. Pyt Kramer is beneamd ta earelid fan de FNP. Hy wie 50 jier lyn ien fan de oprjochters fan de partij. Fierder is der in nije folder presintearre, namen wy ôfskied fan Jantsje Heeringa en is Miriam van der Veen fan Sumar ynhammere as nij haadbestjoerslid.

 

Nynke Beetstra, partijfoarsitter

Reaksje? Mail nynke.beetstrafryslan.nl

 

Klik hjir nei it Fideo-ferslach fan Omrop Fryslân en fraachpetearen mei Marten van der Veen en Annigje Toering

 

 

Taspraak 

 

Hjir folget in stikje fan de taspraak: 

 

' It ferdwinen fan de provinsje Fryslân sille we nea akseptearje. Dat sille de Friezen nea akseptearje. Dêr komme se yn Den Haach noch wol achter foarsafier't se dat noch net wisten. Dat der gefaar driget, is dúdlik. As FNP sille we dêr op antisipearje moatte en net achter de feiten oanrinne. Wy moatte ús in helder byld foarmje oer hoe't wy de bestjoerlike takomst fan Fryslân sjogge. Hoe't we in sterke provinsje mei mear foech krije kinne. Hoe't we it Haachske machtstinken pareare kinne.

 

It is tryst dat dat Haachske Rânestêdtinken útdroegen wurdt troch twa regearingspartijen mei (min-of-mear) Fryske fraksjelieders: VVD'er Halbe Zijlstra, hikke en tein yn Easterwâlde, en Diederik Samsom fan de PvdA, yn Grins berne, mar yn Ljouwert grutwurden en op skoalle sitten. Ek dy oare Fryske fraksjelieder, CDA'er Sybrand van Haersma-Buma, dêr't ik yn myn jonge jierren yn Warkum noch op past haw doe't syn heit dêr boargemaster wie, kinne we noch net betraapje op grutte leafde foar Fryslân. Fryske fraksjelieders fan lanlike partijen moatte we dus neat foar rekkenje.

 

We moatte sels de leie nimme en útgean fan de eigen krêft fan Fryslân en de Friezen. Mei miskien dan in frije Fries yn De Haach. Oan de FNP de útdaging mei in goed takomstplan te kommen en de Friezen dêryn mei te krijen.'  

 

 

Yn de gearkomste waard de folgjende resolúsje oannommen. Dizze sil stjoerd wurde nei it regear en de Earste en Twadde Keamer:

 

 

Resolúsje

 

De FNP, yn algemiene ledegearkomste byinoar op 23 novimber 2012 op It Hearrenfean,

 

oerwagende dat

 

no't de bestjoerlike plannen fan it Haachske regear, fêstlein yn it Haachske regearakkoart, in streekrjochte bedriging binne foar it fuortbestean fan de bestjoerlike ienheid dy't Fryslân is

 

sprekt út dat de bestjoerlike ienheid Fryslân nea ferdwine mei.

 

 

It Hearrenfean, 23 novimber 2012

 

 

 

Foto's

 

Nynke mei muzyk 

 Partijfoarsitter Nynke Beetstra en de muzyk

 

 

 Germ en Nynke

 Lokwinsken fan de hiele partij foar Germ Gerbrandy

 

 

Pyt mei spjeldsje grut

Pyt Kramer Earelid fan de FNP mei in gouden pompeblêdsje.

Rjochts it boerd mei de nammen fan alle Eareleden dat op it Partijhûs hinget

 

 

Pyt en Jantsje mei folder

Jantsje Heeringa oerlanget it earste eksimplaar fan de nije folder

oan Pyt Kramer

 

 

Klik hjirûnder nei de folsleine taspraak fan Nynke Beetstra, de resolúsje dy't de ALG oannommen hat rjochting de Haachske polityk en it tankwurd fan Pyt Kramer.

 



Feestlike sfear op drokke Ledegearkomste FNP



Downloads:
Taspraak partijfoarsitter nynke beetstra
FNP resolúsje fryslân bestjoerlike ienheid
Taspraak pyt Kramer earelid FNP 23 nov 2012
Brief oan regear en parlemint


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer