NIJS   31-12-2012


De FNP winsket eltsenien in sûn en lokkich 2013 !

Nijjiersgearsit 5 jannewaris 14:00 Beachclub op'e Lemmer

Útnoeging

De FNP-ôfdielings Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Gemeentebelangen Lemsterlân

noegje jimme graach út foar de nijjiersgearsit fan de FNP

op sneon 5 jannewaris 2013

yn 'e Beachclub, Yndustrywei 2 op 'e Lemmer.

 

It programma foar dizze middei sjocht der sa út:

 

14.00 Ynrin mei kofje of tee mei wat derby

15.00 Iepenjen troch de deifoarsitter

15.10 Taspraak Nynke Beetstra, foarsitter HB

15.20 Taspraak Annigje Toering, foarsitter Steatefraksje

15.30 Skoft foar in twadde bakje kofje of tee

15.45 Piter Wilkens

16.15 Útrikken fan de Fryske Natuer- en miljeupriis

16.30 Útrikken fan de Sulveren Fyts

16.45 Skoft

17.00 Piter Wilkens

17.30 Ôfslute en noflike neisit

18.00 Mei-inoar ite

 

We begjinne wat earder as oars. We wolle jimme graach genôch tiid en gelegenheid jaan om elkoar it nijjier ôf te

winnen en om efkes by te praten. We hawwe gjin jûnsprogramma en dêrom meitsje we der wat in langere middei

fan mei twa koarte optredens fan Piter Wilkens. En... we soenen it fantastysk fine as jimme allegearre safolle

mooglik meidogge oan it ôfslutende ‘captains diner'.

 

By de unike gearwurking tusken Gemeentebelangen Lemsterlân en de FNP-ôfdielings Skarsterlân en Gaasterlân-

Sleat om te kommen ta ien grutte FNP-ôfdieling ‘De Fryske Marren' heart in unike lokaasje en om de Lemsters in

wolkom ta te roppen dogge we dat op 'e Lemmer.

 

De Beachclub is de namme fan it gloednije Lemster badpaviljoen mei in fantastysk útsjoch oer De Lemmer en de

Iselmar. Der is in boartershoeke foar de bern. In skjinne winter mei sinneskynwaar soe der mei foar soargje kinne

dat we in unike nijjiersgearsit hawwe. En... grif mei ynspiraasje om fan 2013 in goed ferkiezingsjier te meitsjen!

 

Wy hjitte jimme graach wolkom! Stjoer in mailtsje mei it tal persoanen dêr't jim mei komme.

Mail yn alle gefallen efkes it tal meidoggers oan it ‘captains diner', dêr't wy € 15,00 de man/frou foar freegje,

daliks by it begjin te foldwaan. Jou ek efkes eventuele dieetwinsken op.

 

De mailtsjes kinne nei: nijjiersgearsitoutlook.com

Belje kin ek: 06-27397587 (Olrik Bouma).

 

Leden en stimmers, elkenien is wolkom.

Oant sjen op 5 jannewaris op 'e Lemmer!

 

‘Beachclub Lemmer'

Yndustrywei 2, 8531 PA De Lemmer

www.beachclublemmer.com



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer