De feangreideproblematyk treft net allinnich boeren mar alle bewenners fan it feangebiet. Dêrom moatte der maatregels komme om mei in heger wetterpeil skea oan de fundearring fan wenningen tsjin te gean. Dat moat yntegraal meinommen wurde yn de ferskate projekten fan it saneamde Utfieringsprogramma Feangreide, sa fynt wurdfierder Wopke Veenstra. ‘Nei in moasje begjin 2015 is in útwurking per dielgebiet mei it Wetterskip en alle belanghawwenden tasein. Ynklusyf alle maatskiplike en partikuliere kosten en baten.'
Der is ek noch hieltyd gjin sicht op in goede nije skearegeling foar al besteande fundearringsskea. Veenstra: ‘Der wurdt tocht oan in lanlik fûns, mar it sjit net op sa hawwe wy begrepen. Dat skriuwt it Kolleezje fan Deputearre Steaten ús yn maaie 2015. Mar wat is no yn 2018 de stân fan saken? Wy krije ûngerêste berjochten fan de Belangenvereniging Funderingsgedupeerden Nederland mar ek fan yndividuele bewenners fan it feangreidegebiet yn Fryslân. Dêrom wolle wy foar de simmer berjocht oer de fuortgong.'