NIJS   13-09-2013


Fragen oer feiligens op PM-kanaal by Warten

Ferûntrêsting lokale mienskip en rekreaasje-ûndernimmers

Auke 2011 lyts   

De FNP makket him soargen oer de feiligens op it PM-kanaal by Warten. De lokale mienskip en rekreaasje-ûndernimmers litte ferûntrêste lûden hearre. De Steatefraksje stelt fragen oan deputearre Poepjes oft der yndied in trend is fan mear insidinten op it wetter.

 

Auke Bijlsma, FNP wurdfierder Ferkear en Ferfier 

Reaksje? Mail: a.bijlsmafryslan.nl

 

 

 

De FNP freget it Kolleezje om mei sifers te ûnderbouwen oft it gefoel fan de Wartensters strykt mei de teoretyske risiko-analyze dêr't de Provinsje foar de nautyske feiligens fan út giet. Wurdfierder Auke Bijlsma wol ek witte oft de ferhalen klopje dat de maksimum snelheid en de lingte fan de beropsfeart omheech gean soene. Hy wiist der op dat it foar de grutte frachtskippen lestich is om ta stilstân te kommen by kalamiteiten.

 

Der is in grut ekonomysk belang by feilige wetterwegen om Warten hinne, as ‘poarte ta de Alde Feanen' foar de rekreaasje likegoed as foar de beropsfeart op it PM-kanaal. De Steatefraksje fan de FNP tinkt dat it goed wêze soe dat de Provinsje de ferûntrêsting yn de pleatslike mienskip en by de rekreaasje-ûndernimmers fuortnimme kin. Bijlsma freget op hokker wize it Kolleezje fan DS dat dwaan wol, en oft der eventueel ek maatregels nommen wurde sille om de feiligens op it PM-kanaal te ferbetterjen.



Downloads:
FNP skriftlike fragen feiligens pm kanaal warten
Antwurd op FNP fragen feiligens pm kanaal warten


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer