NIJS   23-02-2015


Fragen oer iensidige stipe 'Noardlike' ûndernimmersbeurs

SNN organisearret alle MKB aktiviteiten yn Grins

Sybren Posthumus 2015 lyts   

Noardlike aktiviteiten fan it SNN binne foar Fryske MKB-ers net botte tagonklik. Dat komt om't SNN alle aktiviteiten yn de stêd Grins organisearret. De FNP stelt fragen oer dizze kwestje oan Deputearre Steaten. De FNP is fan miening dat SNN te iensidich op de stêd Grins ynset.

  

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy 

Reaksje ? Mail sybren.posthumusfnp.frl

Ut it ferslach fan de Bestjoerskommisje Ekonomyske Saken fan it it SNN op 18 novimber docht bliken dat der diskusje is oer it organisearjen fan in ‘Noardlike' MKB-ûndernimmersbeurs yn Grins. Deputearre Konst krige de hannen net op inoar foar it argumint dat Fryske MKB-ers net sa gau nei Grins ta geane foar sa'n beurs, sa stiet yn it ferslach te lêzen. Ferskil fan miening is der fierder oer in ‘Week van de Ondernemer', de Nacht van de Uitblinkers, de Jonge Ondernemersprijs en in op te setten ‘Noordelijke evenementenkalender'.

 

Alle neamde saken fine yn Grins plak. Wurdfierder Posthumus fan de FNP stelt dat it der op liket dat mei Frysk jild fan de Provinsje en de gemeente Ljouwert ûnder de noemer ‘Noardlik' feitlik allinnich mar ynsetten wurdt op aktiviteiten foar de stêd Grins. ‘Sjit SNN hjirmei it doel net foarby, om alle MKB-ers, ek dy yn Fryslân, te berikken? En wat bart der mei de TEL beurs yn it WTC yn Ljouwert? Fryslân is de grutste fan de trije provinsjes mei de measte ynwenners en it grutste tal MKB-ers. It is net logysk en net reedlik dat der dan sa swier en iensidich op de stêd Grins ynset wurdt.'

 

De FNP wol witte wat de finansjele bydrage fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert oan de Grinzer eveneminten krekt is. De Fryske Steaten hawwe ferskate kearen útsprutsen dat SNN bedoeld is as beleidsearm en ‘slank' útfieringsloket foar subsydzjes. De fraksje freget him dan ek ôf wêrom't der no in ‘gestructureerde Noordelijke evenementen kalender' optúgd wurde moat. Neffens de FNP is dit gjin kearntaak fan it SNN en is der blykber noch wol romte om op dit oerheidsorgaan te besunigjen.



Downloads:
FNP fragen snn noardlike mkb aktiviteiten


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer