NIJS   07-11-2017


FNP: mear ynsette op geotermy

De FNP sil kommende woansdei yn de Steategearkomste pleitsje foar mear ynset op geotermy yn Fryslân. Neffens berekkenings fan de TU Twente kin geotermy yn 2050 soargje foar sa'n 25% fan de takomstige enerzjy-opbringst yn Fryslân

Rendabel

Op in soad plakken mei mear as 10.000 ynwenners of in soad waarmtefraach is in rendabele businesscase te meitsjen mei in weromfertsjintiid fan 5-10 jier. Alle reden foar Fryslân om yn aksje te kommen.

 

Moasje  

De FNP oerwaget om foar de Begrutting 2018 in moasje yn te tsjinjen oer dit ûnderwerp. Yn de Begrutting 2018 fan de provinsje Fryslân stiet no wol fermeld dat ‘in taname fan de produksje fan ierdwaarmte/geotermy' in doel is mar dat wurdt fierder net konkretisearre. Wol wurdt der op dit stuit mei ferskate partijen (gemeenten, bedriuwen, kennisynstellings) ynventarisearre wat de mooglikheden binne.

 

Enerzjyboarne 

De FNP wol no dat de Steaten fan Fryslân healwei 2019 ynformearre wurde hoe't geotermy as duorsume enerzjyboarne yn Fryslân op de lange termyn stimulearre wurde kin.

 

Mear ynformaasje, sjoch  http://sec2017.eu/



Tags: Enerzjy en duorsumens, Gas- en saltboarings, Natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer