Sosjale koheezje
In soad foarsjennings op it plattelân ferdwine, mar de sosjale koheezje bynt de minsken noch. Krekt dat doarpsgefoel wurdt no troch tal fan faktoaren bedrige. Ien fan de grutte oarsaken is it fúsjearjen en opskalen fan gemeenten.
Doarpen ferantwurdlikens jaan
In twadde oarsaak is dat oerheden harren yndekke wolle, sjocht riedslid Aant Jelle Soepboer út Nijewier. "Gjinien doart mear ferantwurdlikens te dragen of te jaan", fernimt er. "Wylst je minsken en doarpen júst eignerskip en ferantwurdlikens jaan moatte! Regels dy’t ea betocht binne om by eksessen yngripe te kinnen, wurde no brûkt om op foarhân te hânhavenjen. Frijwillgerswurk wurdt sa in burokratysk moeras."
Optocht Anjum
Soepboer kaam yn aksje doe't út skriuwen fan de gemeente bliek dat in jeugdoptocht mei fersierde weinen troch de doarpen net mear winsklik wie fan 2019 ôf. De FNP-fraksje yn Noardeast-Fryslân freget opnij oandacht foar de optochten no't it derop liket dat de gemeente gjin tastimming jaan wol foar de optocht fan Anjum.
Mear foarbylden
Der binne mear foarbylden. Keatsferiening OKK yn Bitgum moast fan Waadhoeke ynienen oeral hekken delsette. De selde gemeente woe it sintraal ynsammeljen fan krystbeammen opdûke, wat de FNP-fraksje keard hat. Eveneminten yn Marssum smite neat op, fanwege de kosten fan parkearwachten en befeiligers. Yn doarpen fan it eardere Littenseradiel rint de fergunningferliening foar eveneminten net soepel mear nei de oername troch Ljouwert. En it Kallemooifeest op Skiermûntseach leit lânlik ûnder in fergrutglês.
Al dizze saken meitsje in soad los op it plattelân, oant in ‘stille tocht’ yn Sint Nyk ta. De provinsjale FNP ropt dêrom op om erfarings mei trochsleine regeljouwing en bedrige doarpstradysjes te melden fia meldpuntfnp.frl.